thumb|260px|It grutte lânskip fan Lanlik Noard mei sicht op Ransdorp. thumb|260px|Ransdorp yn July 2005. De houten huzen binne karakteristyk foar it gebiet: trochdat se lichter binne as stiennen huzen sakje se minder gau yn de sêfte feangrûn. thumb|260px|Durgerdam lâns de Wetterlânske Seedyk. Lanlik Noard (Nederlânsk: Landelijk Noord) is in wyk yn it stedsdiel Amsterdam-Noard. Amsterdam-Noard bestiet út plattelânsgebieten. Lanlik Noard leit yn it suden fan de Noardhollânske regio Wetterlân. Wetterlân hat in polderlânskip mei in pear lytse doarpkes.

Skiednis Lanlik Noard heart by it histoaryske gewest Wetterlân fan West-Fryslân. Oant 1921 leine yn it begiet de gemeenten Buiksloot, Nieuwendam, en Ransdorp. Op 1 jannewaris 1921 waarden dy gemeenten troch de gemeente Amsterdam anneksearre. De doarpen ha mei dy anneksaasje ynstimd omdat dy troch de oerstreaming fan 1916 tige ferearme rekken.

In diel fan Wetterlân waard tusken de jierren '20 en '80 fan de 20e iuw beboud. Dy bebouwing wurdt sûnt 1990 begrinze troch de Amsterdamske Ringwei Noard (A10 Noard). De bebouwing bûten de rûnwei hat de namme Lanlik Noard krigen. Ek it doarp Schellingwoude dat binnen de rûnwei leit heart by Lanlik Noard.

Sûnt 1987 makket Lanlik Noard diel út fan Amsterdam-Noard. Troch de Centrale Dorpenraad Landelijk Noord hâlde de doarpen kontakt mei mekoar oer ûnder oaren de yndieling fan Lanlik Noard. De ried is ek wurdfierder foar de doarpen binnen it stedsdiel Amsterdam-Noard en de gemeente Amsterdam.

Plakken yn Lanlik Noard Doarpen:

Durgerdam Holysloot Ransdorp Schellingwoude Zunderdorp

Buorskippen:

't Nopeind Het Schouw (foar in part)

Beskerme doarpsgesichten Trije doarpen yn Lanlik Noard hawwe de status fan beskerme doarpsgesicht. De doarpen binne: Durgerdam, Holysloot en Ransdorp.

Literatuer José Lutgert (kompilator) De Waterlandse Zeedijk, de skiednis fan in âlde seedyk yn Amsterdam-Noard, Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 1994, José Lutgert en Dick Reedijk (samenstellers) Als Amsterdam zich over ons ontfermt, de geschiedenis van de inlijving bij Amsterdam van gemeenten Buiksloot, Nieuwendam en Ransdorp in 1921, Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 1996, Gerrit van Zeggelaar et al Terugblikken op Waterland. Hoofdstukken uit de geschiedenis van Amsterdam-Noord, Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 2000. Dick Reedijk Durgerdam. 'Daar ginds om den IJdoorn, daar wacht ons de reê', Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 2004.

Keppeling om utens Webside fan de Sintrale Doarpsried Plattelân Noard

Kategory:Wyk yn Amsterdam