Rein van der Pal (1964) is in Fryske dammer en bibletekaris út It Hearrenfean.
Biografy Van der Pal fuotballe by Heerenveense Boys, mar keas úteinlik foar damjen. LC 20 febrewaris 1989
Yn 1977 wie syn debút yn it aspirantekampioenskip fan Nederlân tusken spilers as de lettere grutmasters Gerard Jansen, Hendrik van der Zee en Ron Heusdens. Fan 1985 oant 2001 wie er trettjin kear mei oan it Kampioenskip fan Fryslân, dat er yn 1986, 1995 en 2001 op syn namme skreau.
Van der Pal wie súksesfol yn ferskate (iepen)toernoaien. Sa wûn hy bygelyks it "Leeuwarder Open" Yn 1999 wie der hast in Nederlânske titel mei damclub Rinsumageast, mar de beslissende wedstryd gie mei 9 -11 ferlern. Nei syn lêste Fryske titel yn 2001 pleatste Van der Pal syn persoanlike ambysjes op in leger pitsje. As kopman fan damclub Huzum damme er út en troch noch ris in iepen toernoai. Sûnt 2018 dammet hy wer faker.Teerling, www.aanzetdammen.nl
Publisiteit Fan 1985 oant 1990 wie Van der Pal skriuwer fan de damrubryk yn de Ljouwerter Krante. Mei clubgenoat Tjalling van den Bosch hâlde er it blog Huzumer Highlights yn de loft.Rein van der Pal schittert in Ens, Dagblad van het Noorden, 7 july 2018
Bibliografy Damclub Huizum 1932-2007, ko-auteur mei Sytse Nagel; útjouwer/drukkerij T. van der Let (2007)
Sjoch ek List fan Fryske Damkampioenen
Kategory:Frysk bibletekaris Kategory:Frysk dammer Kategory:Persoan berne yn 1964 Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend)