De Eastertsjerke oan it Hoeksterpaad wie in grifformeard tsjerkegebou yn 'e stêd Ljouwert.
Skiednis De Eastertsjerke waard neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt Tjeerd Kuipers boud. Op 27 juny 1910 waard troch âlderling G.J. Brugsma de earste stien lein. De nijbou ferfong in âlder tsjerkegebou út 1858 op itselde plak. Op 11 novimber koe de tsjerke mei 800 sitplakken yn gebrûk nommen wurde. thumb|left|Stiftingsstien earste Eastertsjerke. De tsjerke hie in yngong oan it Hoeksterpaad en oan it Hoekstertsjerkhôf. Fierder hie de tsjerke in kosterswente en in konsistoarjekeamer. Yn itselde jier as de Eastertsjerke waard ek de Skrânstsjerke yn Huzum iepene.Ljouwerter Krante: De nieuwe kerk der Gereformeerden 7 novimber 1910).gereformeerdekerken.info: De Leeuwarder kerksluitingskwestie 2008-2015.
Troch it sakjende oantal leden en de ûntfolking fan 'e Ljouwerter binnenstêd waard de tsjerke sletten. Foar it lêst waard op 28 oktober 1979 in tsjinst holden. Nei it sluten fan 'e Eastertsjerke hold de Grifformearde tsjerke fan Ljouwert - net te betiizgjen mei Ljouwert-West en Ljouwert-Huzum - op dat stuit noch twa tsjerken oer: de Salvatortsjerke en de Koepeltsjerke.Ljouwerter Krante: Triest afscheid van Oosterkerk (29 oktober 1979)
Yn 1980 kocht de gemeente Ljouwert de tsjerkeLjouwerter Krante: Gemeente Leeuwarden koopt de Oosterkerk (10 juny 1980). en yn septimber 1981 folge de ôfbraak fan 'e tsjerke. Sûnt 1983 waarden op it lege plak nije oanleunhûzen by it fersoargingshûs Nije Hoek boud, dy't yn 1985 yn gebrûk nommen waarden. Yn 'e muorre waard de stiftingsstien fan 'e tsjerke út 1858 ynmitsele. Hjoed-de-dei binne de apparteminten gjin oanleunhûzen mear en is it Nije Hoek gjin fersoargingshûs mear.
Oargel De tsjerke hie in oargel fan Van Dam út 1864, dat troch de Grifformearde tsjerke-frijmakke yn Harns oankocht waard. Dêr waard it oargel yn 1989 opboud, mar mei't de tsjerke yn 2004 ôfbaarnde gie ek it oargel fan 'e Eastertsjerke ferlern.Hiemside De Haven, ynformaasje + disposysje fan it ferbrânde oargel.Kerk en Orgel: ynformaasje oargel Eastertsjerke.
Publikaasjes : Leeuwarder Oosterkerk (1980)
Kategory:Bouwurk út 1910 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1985 Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert Kategory:Earder bouwurk yn Ljouwert Kategory:Earder tsjerkegebou yn Fryslân Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân