De Easterbrêge is in baskulebrêge yn it sintrum fan Ljouwert. De brêge is in ryksmonumint.
De brêge is oer de Easterstedsgrêft lein en ferbynt de Easterkade mei de Eastergrêfswâl en de Wybrand de Geeststrjitte. De brêge hat in breedte fan 10 m (ferdield oer de 7,2 m brede dyk mei oan wjerskanten in stoepe fan 1,8 m en ferfong in smellere brêge fan mar 2,5 m breed, dy't wat súdliker lei.
De brêge en it brêgewachtershûske yn Art deco waarden yn 'e jierren 1924-1925 boud neffens in ûntwerp fan direkteur gemeentewurken L.H.E. van Hylckama Vlieg. It mechanyske diel fan 'e rolbaskulebrêge waard troch Masinefabryk Braat N.V. út Rotterdam makke. De Easterbrêge wie de earste rolbaskulebrêge fan Nederlân neffens it systeem "Rall" (roltsjillen yn sletten stân net belest). It betonwurk waard yn waske grind-beton útfierd.Ryksmonuminten, nû 516447Ljouwerter Krante: Nieuwe Oosterbrug (21 oktober 1924) De Easterbrêge wie de earste elektryske brêge fan Ljouwert.Ljouwerter Krante: De eerste electrische brug te Leeuwarden (27 jannewaris 1925) De brêge waard op 26 maart 1925 oplevere en op snein 29 maart yn gebrûk nommenLjouwerter Krante: De nieuwe Oosterbrug (26 maart 1925).
By in renovaasje yn april-maaie 1998 waard it dek fan 'e brêge en de baskulemechanyk ferfongen.Ljouwerter Krante: Start renovatie van Oosterbrug (14 maart 1998)
It nije brêgedek waard by Burgum Staalbouw makke en oanfierd mei in binnenskip.Ljouwerter Krante: Flinke belangstelling voor takelen brug (12 maaie 1998)
De oarspronklike draaihekken en ljochtmesten binne net mear oanwêzich. By de lêste opknapbeurt fan 'e brêge binne nije ljochtmesten yn in styl set, dy't sawol âld as modern eagje. Ek krige de brêge nije draaihekken.Schréder, oproppen 26 novimber 2024.
Kategory:Brêge yn Ljouwert Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert Kategory:Bouwurk út 1925