De langsturtgrûniikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Urocitellus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), de ûndertûke fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilina) en it lyknammige boppeskaai fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus). Ta dit skaai hearre trettjin soarten, dy't foar it meastepart yn it noardwesten fan Noard-Amearika libje. Ien soarte, it poalgrûniikhoarntsje (U. parryi), komt foar oan beide kanten fan 'e Beringstrjitte, wylst in oarenien, it langsturtgrûniikhoarntsje (U. undulatus) útslutend yn Aazje libbet.
Namme De wittenskiplike namme fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes is Urocitellus. Dat is in gearstalling fan it Aldgrykske οὐρά, oura, dat "sturt" betsjut, en citellus, it Latynske wurd foar "grûniikhoarntsje".
Taksonomyske yndieling De langsturtgrûniikhoarntsjes waarden foarhinne ta it gruttere taksonomyske skaai Spermophilus rekkene. Mar yn 2004 die by ûndersyk nei it DNA fan grûniikhoarntsjes bliken dat dy yndieling parafyletysk wie, om't de prêrjehûnen en de marmotten eins nauwer mei in diel fan 'e soarten yn it âlde Spermophilus besibbe wiene as oare soarten út datselde skaai. Fan gefolgen waard dat skaai doe útinoar helle en yndield yn ferskate nije skaaien, wêrûnder de langsturtgrûniikhoarntsjes, wylst it restant fan Spermophilus de grûniikhoarntsjes fan 'e Alde Wrâld kaam te foarmjen, ek wol bekend as de soesliks.
Soarten
skaai langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus) beldinggrûniikhoarntsje of Beldings grûniikhoarntsje (Urocitellus beldingi) Kolumbiagrûniikhoarntsje (Urocitellus columbianus) langsturtgrûniikhoarntsje (Urocitellus undulatus) merriamgrûniikhoarntsje of Merriams grûniikhoarntsje (Urocitellus canus) noardlik Idahogrûniikhoarntsje (Urocitellus brunneus) Pajûtgrûniikhoarntsje of Piutegrûniikhoarntsje (Urocitellus mollis) poalgrûniikhoarntsje of Arktysk grûniikhoarntsje (Urocitellus parryi) richardsongrûniikhoarntsje of Richardsons grûniikhoarntsje (Urocitellus richardsonii) súdlik Idahogrûniikhoarntsje (Urocitellus endemicus) townsendgrûniikhoarntsje of Townsends grûniikhoarntsje (Urocitellus townsendii) Uintagrûniikhoarntsje (Urocitellus armatus) Washingtongrûniikhoarntsje (Urocitellus washingtoni) Wyominggrûniikhoarntsje (Urocitellus elegans)
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Iikhoarntsje