Hendrik van der Zee (Ljouwert, 1967) is in Frysk dammer dy't fan berop notaris waard nei syn stúdzje oan de Ryksuniversiteit Grins. Letter wenne er yn Apeldoorn.Damclub Putten viert 75-jarig bestaan, De Stentor, 28 maaie 2013 Hy hat de titels Ynternational Grutmaster en Nasjonaal Grutmaster.

Nederlânsk kampioenskip By de Nederlânske jeugdkampioenskippen waard er twa kear kampioen, sawol by de aspiranten as by de junioaren. Hy is in mearfâldich dielnimmer oan it Nederlânsk kampioenskip, mei as bêste prestaasje in dield twadde plak yn 1988 en 1991.

Ynternasjonaal Van der Zee waard twadde op it Jeugdwrâldkampioenskip fan 1984 nei in barraazje om de titel mei Guntis Valneris. Hy die mei oan it Europeesk Kampioenskip fan 1987 yn Moskou mei in dield tredde plak (21 fan 13) en yn 1992 yn Parthenay mei in sechsde plak (26 fan 19). Yn 1987 helle er in dield tredde plak yn it Europeesk Kampioenskip. Yn 1988 die er mei oan it wrâldkampioenskip yn Paramaribo en einige mei 19 út 19 op in dield alfte plak.

Ferskaat Van der Zee is damlieder (A- en B-kursussen) foar sawol begjinners as foar trochsetters.

Hy hat spesjale belangstelling foar hifi-apparatuer en arsjitektuer, benammen de minimalistyske bouwkeunst en wennningynrjochting.12xHolland.com

Sjoch ek List fan Fryske damkampioenen

Kategory:Frysk dammer Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1967