Johan Capelle (Ljouwert, 1955) is in Fryske dammer.
Johan Capelle hie in Grinslanner mem en in Amsterdamske heit. Hy skaakte al yn syn jonge jierren, mar omdat de damclub fan Huzum tichtbij syn âldershûs wie, melde er him dêr oan as lid. Nei Huzum soed er noch spylje by de damclubs DVK, Fivelgo, Fryslân, Hijken DTC, Mildaam en Amsterdam 80. Capelle sette him letter nei wenjen yn Amsterdam.
Prestaasjes Neidat er twa jier lid wie fan Huzum die er yn 1971 mei oan it Frysk jeugdkampioenskip yn Posthûs Teater op It Hearrenfean. Hy wûn dat jier troch in remize yn de finale tsjin Jannes van der Wal. Ek yn 1972 en 1973 waard Capelle jeugdkampioen fan Fryslân. Johan Capelle Fries jeugdkampioen dammen; yn: LC, 31 desimber 1971Yn 1971 spile hy yn de finale fan it Nederlânsk Kampioenskip. Hy hie de pech dat yn syn kampioensjier de rayonwedstriden ynfierd waarden, sadat de provinsjale jeugdkampioen him net automatysk pleatste foar it Nederlânsk Kampioenskip. In soad steun hie Capelle oan it damboek ‘’Topprestaties op het dambord’’ fan Ton Sijbrands.
Yn 1974 helle er syn Ateneum-B diploma. Yn 1975 waard er Frysk kampioen en die ek mei oan it senioarekampioenskip fan Nederlân. Yn de tiid dat er yn tsjinst moast rûnen syn prestaasjes werom.Johan Capelle: Een kwestie van ik kwam uit dienst en werd Fries damkampioen, yn: Ljouwerter Krante, 17 septimber 1977, side 19 Yn de jierren tachtich fan de tweintichste iuw spile Capelle yn it rayon noard tsjin dammers lykas Auke Scholma, Bauke Bies en Anton Schotanus.
Oerienkomsten Krektas Fryske dammers as Bauke Bies, Jannes van der Wal en Auke Scholma hold er der in frijwat sobere libbensstyl op nei. Alle fjouwer spilen sy ea by damclub Huzum en alle fjouwer giene om ferskate redenen nei Grins, meastal ûnder it mom fan studearjen. Alle fjouwer bleaune sy yn Grins wenjen en alle fjouwer berikten sy in oantal kearen de finale fan it kampioenskip fan Nederlân.
Sjoch ek List fan Fryske damkampioenen
Kategory:Frysk dammer Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1955