De giele bjirketuolle (Russula claroflava) is in poddestoel út de famylje Russulaceae.

Beskriuwing thumb|left|Giele bjirketuollen yn ferskillende stadia. De giele bjirketuolle hat in giele hoed mei in diameter fan 4-12 sm. De hoed is yn jonge foarm heal bolfoarmich, dy't by it âlder wurden flak wurdt mei yn 'e midden in dûkje. De bûtenrâne fan 'e hoed hat groeven. De hoed is wat plakkerich en dêrom bliuwt smoargens of blêd faak oan 'e hoed kleven. De wyteftige plaatsjes wurde letter okerkleurich. De spoaren binne ljocht okerkleurich.

De soarte hat in 1 oant 2 sm dikke wite stâl, dy't 4 oant 10 sm heech is.

By it âlder wurden feroarje de stâl en plaatsjes yn in grizige oant swarteftige kleur.

Giele bjirketuollen lykje op 'e gielwite tuolle en de sinnetuolle.

Fersprieding De poddestoel komt fan Noard-Amearika oant Europa en in grut part fan Aazje foar. Se groeie yn wiete bosken mei bjirken of op 'e heide op sângrûn tusken feanmoask. Giele bjirketuollen komme fan 'e simmer oant yn 'e hjerst algemien yn Nederlân foar.

Ytberens De giele bjirketuolle is ytber en hat in mylde smaak.

Keppeling om utens Poddestuollen yn Fryslân

Kategory:Skimmelsoarte Kategory:Echte tuolle Kategory:Poddestoel Kategory:Lânseigen skimmel yn Jeropa Kategory:Lânseigen skimmel yn Kanada Kategory:Lânseigen skimmel yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen skimmel yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen skimmel yn Sibearje Kategory:Lânseigen skimmel yn Kazachstan Kategory:Lânseigen skimmel yn Sina Kategory:Lânseigen skimmel yn Aazje