De pearse pipertuolle (Russula sardonia; synonimen: R. drimeia, R. chrysodacryon en R. emeticiformis) is in poddestoel út de famylje Russulaceae.

Beskriuwing De hoed fan 'e pearse pipertuolle is pears oant donkerread en likernôch 4 oant 10 sm grut mei by it âlder wurden yn 'e midden in dûk. Jonge poddestuollen binne heal bolfoarmich. De plaatsjes binne ljocht giel oant rjemmekleurich en steane ticht op inoar.

De 1-1,5 sm dikke stâl fan 'e pearse pipertuolle is yn 'e regel donkerread of -pears fan kleur en wat koarter as de trochsnit fan 'e hoed. De stâl is glêd en wurdt by it âlder wurden spûnseftich. De spoareprint is ljocht okergiel.

Ut en troch wurdt de soarte yn 'e typyske kleurfoarmen giel of grieneftich oantroffen. Sûnder mikroskopysk ûndersyk binne sokke eksimplaren dreech te determinearjen. Soarten dy't op 'e pearse pipertuolle lykje binne de spientuolle (R. caerulea), de appelrooktuolle (R. torulosa) en de poarperreade tuolle (R. queletii).

Fersprieding De soarte komt yn Europa foar. Yn it suden fan Súd-Amerika en Súd-Afrika is de pearse pipertuolle yntrodusearre. It is in algemien soarte dy't op soere en sânige grûn by dinnebeammen yn 'e bosk en op heidefjilden op 'e grûn te finen is.

Ytberens Pearse purpertuollen rûke nei fruit. Se binne net ytber en smeitsje bitter en skerp. Wurde se iten dan kinne se maach- en termklachten feroarsaakje.

Keppeling om utens Poddestoelen yn Fryslân Ferspriedingatlas yn Nederlân Soartebank

Kategory:Skimmelsoarte Kategory:Echte tuolle Kategory:Poddestoel Kategory:Lânseigen skimmel yn Andorra Kategory:Lânseigen skimmel yn Belgje Kategory:Lânseigen skimmel yn Bulgarije Kategory:Lânseigen skimmel yn Denemark Kategory:Lânseigen skimmel yn Dútslân Kategory:Lânseigen skimmel yn Eastenryk Kategory:Lânseigen skimmel yn Estlân Kategory:Lânseigen skimmel yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen skimmel yn Finlân Kategory:Lânseigen skimmel yn Frankryk Kategory:Lânseigen skimmel yn Fryslân Kategory:Lânseigen skimmel yn Gibraltar Kategory:Lânseigen skimmel yn Grikelân Kategory:Lânseigen skimmel yn Guernsey Kategory:Lânseigen skimmel yn Hongarije Kategory:Lânseigen skimmel yn Ierlân Kategory:Lânseigen skimmel yn Ingelân Kategory:Lânseigen skimmel yn Yslân Kategory:Lânseigen skimmel yn Itaalje Kategory:Lânseigen skimmel yn Jersey Kategory:Lânseigen skimmel yn Kroaasje Kategory:Lânseigen skimmel yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen skimmel yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen skimmel yn Man Kategory:Lânseigen skimmel yn Monako Kategory:Lânseigen skimmel yn Montenegro Kategory:Lânseigen skimmel yn Nederlân Kategory:Lânseigen skimmel yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen skimmel yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen skimmel yn Noarwegen Kategory:Lânseigen skimmel yn Poalen Kategory:Lânseigen skimmel yn Portegal Kategory:Lânseigen skimmel yn Roemeenje Kategory:Lânseigen skimmel yn San Marino Kategory:Lânseigen skimmel yn Skotlân Kategory:Lânseigen skimmel yn Sloveenje Kategory:Lânseigen skimmel yn Slowakije Kategory:Lânseigen skimmel yn Spanje Kategory:Lânseigen skimmel yn Sweden Kategory:Lânseigen skimmel yn Switserlân Kategory:Lânseigen skimmel yn Tsjechje Kategory:Lânseigen skimmel yn Wales Kategory:Eksoat yn Argentynje Kategory:Eksoat yn Sily Kategory:Eksoat yn Súd-Afrika