De kwartelfûgels (wittenskiplike namme: Coturnicini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae). Dizze tûke bestiet út 52 libbene soarten en 1 resint útstoarne. Kwartelfûgels komme foar yn Afrika, Jeraazje en Australaazje.

Taksonomy Earder waarden de soarten yn dizze taksonomyske kloft lange tiid yndield by de ûnderfamylje fan 'e patriisfûgels (Perdicinae). Neier ûndersyk fan mitogondriaal DNA brocht lykwols oan it ljocht dat in diel fan dy ûnderfamylje, lykas de patrizen (Perdix), nauwer besibbe wiene oan 'e fazanten (Phasianus) as oan oare skaaien fan 'e eigen ûnderfamylje, wylst de stienpatrizen (Alectoris) en de kwartels (Coturnix) nauwer besibbe wiene oan 'e kaamhinnen (Gallus). Sadwaande waard yn 2021 troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) formeel in nije (ûndersteande) yndieling akseptearre dy't ûntwikkele wie troch Kimball et al.

Tûke-opbou

tûke kwartelfûgels (Coturnicini) skaai berchhinnen (Tetraogallus) Altaiberchhin (Tetraogallus altaicus) Himalayaberchhin (Tetraogallus himalayensis) Kaspyske berchhin (Tetraogallus caspius) Kaukazyske berchhin (Tetraogallus caucasicus) Tibetaanske berchhin (Tetraogallus tibetanus) skaai dwerchpatrizen (Perdicula) bûnte dwerchpatriis (Perdicula erythrorhyncha) Madrasdwerchpatriis (Perdicula argoondah) Manipoerdwerchpatriis (Perdicula manipurensis) oerwâlddwerchpatriis (Perdicula asiatica) skaai Himalayakwartels (Ophrysia) Himalayakwartel (Ophrysia superciliosa) †? skaai kwartels (Coturnix) harlekynkwartel (Coturnix delegorguei) Japanske kwartel (Coturnix japonica) kwartel (Coturnix coturnix) Nijseelânske kwartel (Coturnix novaezelandiae) † reinkwartel (Coturnix coromandelica) stoppelfjildkwartel (Coturnix pectoralis) skaai Madagaskarpatrizen (Margaroperdix) Madagaskarpatriis (Margaroperdix madagarensis) skaai patriisfrankolinen (Pternistis) Ahantafrankolyn (Pternistis ahantensis) bamboefrankolyn (Pternistis nobilis) Barbarijske frankolyn (Pternistis bicalcaratus) clappertonfrankolyn of Clappertons frankolyn (Pternistis clappertoni) Dzjibûtyfrankolyn (Pternistis ochropectus) erckelfrankolyn of Erckels frankolyn (Pternistis erckelii) gielkielfrankolyn (Pternistis leucoscepus) gielsnaffelfrankolyn (Pternistis icterorhynchus) griishalsfrankolyn (Pternistis rufopictus) griisstreekte frankolyn, grantfrankolyn of Grants frankolyn (Pternistis griseostriatus) hartlaubfrankolyn of Hartlaubs frankolyn (Pternistis hartlaubi) harwoodfrankolyn of Harwoods frankolyn (Pternistis harwoodi) hildebrantfrankolyn of Hildebrandts frankolyn (Pternistis hildebrandti) jacksonfrankolyn of Jacksons frankolyn (Pternistis jacksoni) Kaapske frankolyn (Pternistis capensis) Kameroenfrankolyn (Pternistis camerunensis) Natalfrankolyn (Pternistis natalensis) readkielfrankolyn (Pternistis afer) readsnaffelfrankolyn (Pternistis adspersus) roastkopfrankolyn of roestkopfrankolyn (Pternistis castaneicollis) skobde frankolyn (Pternistis squamatus) swainsonfrankolyn of Swainsons frankolyn (Pternistis swainsonii) swierstrafrankolyn of Swierstra's frankolyn (Pternistis swierstrai) skaai stienpatrizen (Alectoris) Arabyske stienpatriis (Alectoris melanocephala) Aziatyske stienpatriis (Alectoris chukar) Barbarijske patriis (Alectoris barbara) philbystienpatriis of Philby's stienpatriis (Alectoris philbyi) reade patriis (Alectoris rufa) Sineeske stienpatriis (Alectoris magna) stienpatriis (Alectoris graeca) skaai ûnechte kwartels (Synoicus) blauwe kwartel (Synoicus adansonii) brune kwartel (Synoicus ypsilophorus) Nijguineeske berchkwartel (Synoicus monorthonyx) Sineeske dwerchkwartel (Synoicus chinensis) skaai woastynpatrizen (Ammoperdix) Arabyske woastynpatriis (Ammoperdix heyi) Perzyske woastynpatriis (Ammoperdix griseogularis'')

Kategory:Fazanteftige