De wite bonkjeswam (Helvella crispa) is in skimmel út de famylje Helvellaceae.

Namme De namme ferwiist nei de foarm fan 'e soarte, dy't op in bonke foar de hûn liket.

Beskriuwing thumb|left|Yllustraasje. De wite bonkjeswam is in likernôch fiif oant fyftjin sm hege poddestoel mei in sealfoarmige hoed fan 3 oant 6 sm, dy't út likernôch trije ûnregelmjittige lobben bestiet. De boppekant fan 'e hoed is krêmkleurich oant ljocht gielbrún. De ûnderkant fan 'e hoed hat lytse hierkes. De râne fan 'e hoed stiet frij fan 'e stâl, dy't witich is en djippe groeven yn 'e lingte mei ûnregelmjittige holtes hat. Nei boppe ta wurdt de ien oant fiif sm dikke stâl smeller.

De rook fan 'e jonge poddestuollen is ynearsten oangenaam, by âldere eksimplaren faak swiet.

De spoarekleur fan 'e wite bonkjeswam is wyt.

Fersprieding Wite bonkjeswammen groeie fan 'e neisimmer oant it begjin fan 'e winter op 'e grûn. Se hawwe in grut ferspriedingsgebiet fan Sina, Japan, Aazje oant Europa en Noard-Amerika en binne te finen yn leafbosk, oan paden en by hagen. De wite bonkjeswam wurdt selden by nullebeammen sjoen. Yn ús kontreien is de wite bonkjesswam in algemiene soarte.

Ytberens De soarte is giftich en it is better om de wite bonkjeswam te mijen. Dochs wurdt de soarte in soad yn it easten fan Europa en Midden-Amerika (dêr't se op 'e merk ferkocht wurde) iten. Troch de wite bonkjeswam goed hjit te meitsjen, wurde guon gifstoffen ôfbrutsen.

Keppeling om utens Poddestuollen yn Fryslân

Kategory:Skimmelsoarte Kategory:Bonkjeswam Kategory:Poddestoel Kategory:Lânseigen skimmel yn Jeropa Kategory:Lânseigen skimmel yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen skimmel yn Sibearje Kategory:Lânseigen skimmel yn Kazachstan Kategory:Lânseigen skimmel yn Sina Kategory:Lânseigen skimmel yn Japan Kategory:Lânseigen skimmel yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen skimmel yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen skimmel yn Mongoalje Kategory:Lânseigen skimmel yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen skimmel yn Kanada