thumb|Titel op de omslach fan it album Le Lotus bleu (Frânsk, betsjutting: "De Blauwe lotus") is in tekenteltsje skreaun en tekene troch Hergé. It ferhaal ferskynde yn 1934 en 1935 yn Le Petit Vingtième, mei de titel Les aventures de Tintin, reporter en Extrême-Orient (" De avonturen van Túfke, ferslachjouwer yn it en Fiere Easten"). Yn 1936 kaam de boekfoarm út, mei de titel fan Le Lotus bleu. Dat wie lykwols yn swart-wyt; earst yn 1946 kaam der in kleurde ferzje. Foar it measte part wienen it deselde tekenings, allinnich de earste 6 siden wienen op 'e nij tekene. It boek is yn ferskate talen útkaam, soms yn twa ferzjes.
In Fryske ferzje is der oant no ta net fan kaam.
Wurdearring Le Lotus bleu waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Strip fan Hergé Kategory:Frânsktalich stripalbum Kategory:Stripalbum út 1934 Kategory:Literatuer oer in sjoernalist of ferslachjouwer