It ministearje fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering, ôfkoarte ta VRO (Volkshuisvesting en Ruimtelijke Ordening), is in Nederlânsk ministearje dat sûnt 2024 bestiet, en earder fan 1965 oant 1982 bestien hat.

Skiednis 1965-1982 It ministearje wie yn 1965 de opfolger fan it Mnistearje fan Folkshúsfêsting en Bouniverheid, en waard troch it kabinet-Cals ynsteld. Om oan te jaan hoe wichtich it mêd romtlike oardering fûn waard, waard besletten de namme yn dat beliedsmêd op te nimmen . Oare beliedsmêden wiene wentebou, wentesanearring, wenromteferdieling, stedsferijing, doarpsfernijing en it hierbelied. Na it taheakjen fan miljeubelied as beliedsmêd waard yn 1982 de namme oanpast en gie it ministearje fierder as Ministearje fan Folkshúsfêsting, Romtlike Oardering en Milieubehear (VROM). Yn 2010 waard dat ministearje opheft.

2024-no Yn 2022 kaam der yn it kabinet-Rutte IV in minister sûnder portefúlje foar Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering dy't by it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes ûnderbrocht waard. Yn 2024 trede it kabinet-Schoof oan en kaam it ministearje werom. Mona Keijzer waard de minister.

Keppeling om utens Ministearje fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering

Folkshusfesting en Romtlike oardering Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1965 Kategory:Organisaasje opheft yn 1982 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2024