De yn 315 stifte stêd Tessaloniki yn Grikelân groeide yn 'e tiid fan it Byzantynske Ryk út ta de op ien nei wichtichste stêd fan it Ryk. It wie ek ien fan 'e earste gebieten fan wêrút it kristendom him yn Europa fersprate. De gebouwen dy't yn Tessaloniki boud waarden hiene grutte ynfloed op 'e boukeunst yn it Byzantynske Ryk en Servje. Fan dy gebouwen binne noch in soad bewarre bleaun, wêrûnder fral tsjerken. Guon dêrfan binne boud neffens it Grykske krúsplan, oaren hawwe de foarm fan in trijeskippige basilyk.

De gebouwen fertsjintwurdigje in lang tiidrek fan 'e 4e iuw oant de 15e iuw. Yn 'e 15e iuw kaam der troch de Turkske feroveringen in ein oan it Byzantynske Ryk. De kristlike monuminten waarden fakentiden yn moskeeën feroare, wêrby't de fresko's en mozaïken yn 'e tsjerken efter lagen kalk ferdwûnen. Mei't der yn 1912 in ein oan it Turkske bewâld kaam, binne in soad tsjerken oan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. By restauraasjes binne de fresko's foar safier dat mooglik wie wer foar it ljocht helle.

Sûnt 1988 binne de ierkristlike en Byzantynske monuminten fan 'e stêd opnommen yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.

List fan ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki Nûmer Ofbyld Namme Boutiid Oerflakyn ha 456-001 100px Stedsmuorre 4e/5e iuw 456-002 100px Rotonda of Sint-Joaristsjerke 4e iuw 0,587 456-003 100px Panagia Acheiropoietostsjerke 5e iuw 0,375 456-004 100px Hagios Demetrios 7e iuw 1,16 456-005 100px Latomos-kleaster 6e iuw 0,058 456-006 100px Hagia Sophia 8e iuw 0,82 456-007 100px Panagia Chalkeontsjerke 11e iuw 0,249 456-008 100px Sint-Pandeleimontsjerke 14e iuw 0,174 456-009 100px Aposteltsjerke 14e iuw 0,16 456-010 100px Hagios Nikolaos Orfanos-tsjerke 14e iuw 0,227 456-011 100px Sint-Katarinatsjerke 13e iuw 0,083 456-012 100px Transfiguraasjekapel 14e iuw 0,027 456-013 100px Vlatades-kleaster 14e iuw 1,16 456-014 100px Elíatsjerke 14e iuw 0,198 456-015 100px Byzantynsk badhûs 14e iuw 0,049

Kategory:Wrâlderfgoed yn Grikelân Kategory:Bouwurk yn Tessaloniki Kategory:Tsjerkegebou yn Grikelân