De Panagia Chalkeon-tsjerke (Gryksk: Παναγία των Χαλκέων, Panagia ton Chalkeon; Mem Gods fan 'e Kopersmidden) yn Tessaloniki, Grikelân, is in Byzantynsk tsjerkegebou út de 11e iuw. De tsjerke stiet oan it Dikastirion-plein noard fan 'e Egnatia-strjitte yn 'e eardere wyk fan 'e kopersmidden en is sûnt 1988 ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki.
Skiednis De yn it jier 1028 wijde tsjerke giet op protospatarios (amtner fan it keninklik hôf) Kristoffel, katepano (kommandant) fan Longobardia (Apûlje) syn frou Maria Katakalis en syn bern werom. Neffens de oprjochtingsynskripsje op 'e moarmeren latei boppe de westlike tagong stiet de tsjerke op in eartiids beskamsum plak (πρην βέβηλος τόπος), itjinge mooglik wiist op it feit dat hjir eartiids in heidenske Grykske timpel stien hat. Nei de Turkske oermastering fan Tessaloniki yn 1430 waard de tsjerke yn in moskee (Kazancılar Camii; moskee fan 'e kopersmidden) feroare en dat bleau sa oant de ein fan 'e Turkske besetting yn 1912. Nei de ierdskoddings yn 1933 waard de tsjerke restaurearre.
De tsjerke stie yn 1972 op in postsegel fan 4,5 drachme.
Beskriuwing thumb|left|Fresko's. De tsjerke is fan reade bakstien boud en wurdt dêrom ek wol Reade Tsjerke, Kokkini Ekklisia, neamd. It is in krúskoepeltsjerke mei in platte grûn fan in Gryksk krús. De tsjerke hat trije koepels: in sintrale koepel op in hege tamboer en twa lytsere koepels boppe in twa ferdjippingen tellende narteks. De tsjerke wurdt yn it easten ôfsletten mei in trijesidich sletten apsis en twa nevenromten. De spitse gevels bûten binne mei bôgen en pilasters fersierd, dy't ynfloeden fan 'e arsjitektuer fan Konstantinopel ferriede.
Ynterieur It ynterieur is yn 'e oarspronklike ynrjochting bewarre bleaun. De muorren binne fersierd mei fresko's, mar dy binne net mear yn goede steat. De fresko's binne foar in grut part yn 'e tiid fan 'e Paleologen fernijd, wêrtroch mar in lyts part noch 11e-iuwsk is.
Kategory:Bouwurk yn Tessaloniki Kategory:Tsjerkegebou yn Grikelân Kategory:Bouwurk út de 11e iuw Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou