It byzantynske badhûs (Gryksk: Βυζαντινό λουτρό) is in badhûs yn 'e Grykske stêd Tessaloniki. It gebou stiet yn 'e Theotokopoúlou-strjitte yn it noardeasten fan 'e binnenstêd en is sûnt 1988 ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki.

Skiednis It út de ein fan 'e 13e iuw/begjin fan 'e 14e iuw datearjende badhûs waard oant 1940 brûkt. Yn 'e rin fan 'e tiid waard it badhûs ferskillende kearen ferboud.

Beskriuwing thumb|left|Ynterieur. It badhûs bestie oarspronklik út in frigidarium (kâld bad), tepidarium (in lij bad) en in caldarium (waarm bad). De binnenmuorren fan it frigidarium waarden yn 'e Turkske tiid ôfbrutsen. De trochgong tusken de beide romten fan it tepidarum en it caldarium waard sletten om aparte romten foar manlju en froulju te meitsjen.

Fan 'e rjochthoekige sealen fan it caldarium is ien mei in platte koepel oerdutsen, dy't op in achthoekige tamboer rêst mei acht finsters; de oare mei in legere koepel yn 'e foarm fan in heale bol. Noardlik fan 'e twa romten grinzget in te ferwaarmjen wetterbekken.

Kategory:Bouwurk yn Tessaloniki Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Badhûs