Valkyrie (útspr.: [ˈvælkɪri], likernôch: "wel-kir-ry", of [ˈvælkəri], likernôch: "wel-kur-ry") is in Amerikaansk-Dútske histoaryske oarlochsskriller út 2008 ûnder rezjy fan Bryan Singer, mei yn 'e haadrol Tom Cruise. De titel betsjut "Walkuere" en ferwiist nei Operaasje Walküre, it nasjonale needplan fan nazy-Dútslân, dat bedoeld wie om it nazy-rezjym tsjin eltse priis oan 'e macht te hâlden. De film fertelt it histoaryske ferhaal fan it Komplot fan 20 July (op 20 july 1944), de lêste en bekendste yn in rige fan fyftjin mislearre moardoanslaggen troch Dútsers op diktator Adolf Hitler. It wichtichste oandiel dêroan waard levere troch de lichaamlik beheinde kolonel Claus Schenk greve von Stauffenberg, de stêfsjef fan 'e reservestriidkrêften fan nazy-Dútslân, dy't in aktetas mei in bom ûnder in gearkomstetafel pleatste yn 'e Wolfsschanze, Hitler syn militêr haadkertier. Neitiid besochten hy syn mei-gearspanners en brûk Operaasje Walkûre om in steatsgreep te dwaan en de macht yn Berlyn oer te nimmen. Valkyrie krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e Amerikaanske filmkritisy, wylst de resinsinten yn Dútslân fral opluchte wiene dat de filmyndustry fan Hollywood fan it ferhaal gjin aksjespektakel makke hie. Yn 'e bioskopen wie Valkyrie in kommersjeel súkses.

Plot Yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinnet Claus Schenk greve von Stauffenberg yn Tuneezje as kolonel by it Afrikakorps fan 'e Wehrmacht fan nazy-Dútslân. Dy post oan it front, fier fan hûs, hat er tawiisd krigen as bestraffing foar syn anty-nazistyske opfettings. As er yn Noard-Afrika mei eigen eagen sjocht hoe't it de Dútsers yn 'e oarloch fergiet, boazet syn wjersin tsjin it nazy-rezjym noch fierder oan. Hy beskôget diktator Adolf Hitler net inkeld as de fijân fan 'e rest fan 'e wrâld, mar ek as de wichtichste fijân fan Dútslân sels. Wannear't it bataljon fan Stauffenberg út 'e loft wei oanfallen wurdt troch in pear Australyske jachtfleanmasines, rekket er swierferwûne. Hy ferliest syn loftereach, syn rjochterhân moat bopp de pols amputearre wurde en ek de ringfinger en pink fan syn lofterhân wurde ôfset. Stauffenberg keart werom nei Dútslân om op te betterjen.

Underwilens bringt Hitler in besyk oan Werwolf, syn militêr haadkertier oan it Eastfront. Generaal-majoar Henning von Tresckow besiket him dêr te likwidearjen by in oanslach dy't Operaasje Funke neamd wurdt. Hy jout kolonel Brandt, in ofsier út Hitler syn gefolch, op 'e weromreis in kistke mei in pear flessen brandewyn mei, dêr't in tiidbom yn ferburgen sit. De bom giet lykwols net ôf en Hitler lânet feilich yn Berlyn. Tresckow fandelet neitiid by Brandt mei in ferlechje it kistke mei brandewyn wer op, ear't de bom ûntdutsen wurdt.

Om dyselde tiid hinne wurdt generaal Hans Oster, in lid fan 'e fersetsgroep fan Tresckow, oppakt troch de Gestapo, Hitler syn geheime plysje. Brigadegeneraal Friedrich Olbricht rekrutearret Stauffenberg om Oster te ferfangen en lid him oerpleatse nei syn stêf op it militêr haadkertier fan 'e Wehrmacht yn Berlyn. Stauffenberg jout him út folle oertsjûging by it ferset, mei't er fan miening is dat Dútslân inkeld te rêden is as Hitler fermoarde wurdt. By in geheime gearkomste komt er yn 'e kunde mei de lieders fan 'e groep: Olbricht, Tresckow, kolonel-generaal b. tsj. Ludwig Beck, fjildmaarskalk b. tsj. Erwin von Witzleben en opposysjepolitikus dr. Carl Goerdeler. Hy wol witte wat se fan doel binne te dwaan om 'e macht te gripen nei't Hitler út 'e wei romme is, mar it docht bliken dat dêr noch net goed oer neitocht is. Der is allinnich mar besletten dat Goedeler de nije rykskânselier wurde moat, wylst Beck en Witzleben oan it haad fan 'e Wehrmacht komme te stean.

Stauffenberg begjint sels plannen te meitsjen om nei de dea fan Hitler de SS, de Gestapo en oare nazy-loyalisten bûtenspul te setten. Hy slacht foar om dat te dwaan troch it gebrûk fan Operaasje Walküre, it nasjonale needplan dat foarsjocht yn 'e ynset fan 'e Dútske reservestriidkrêften. De nazys hawwe dat plan opsteld foar it gefal dat der in steatsgreep tsjin harren dien wurde soe, sadat se tsjin eltse priis de macht yn it Trêde Ryk behâlde kinne, mar Stauffenberg wol it tsjin harren brûke troch út te hâlden dat de moard op Hitler in steatsgreep troch de SS ynhâldt. De reservisten soene dan de steatsgreep fan it ferset beävensearje wylst se miene dat se foar it wiere nazyregear fjochtsje. Om dat slagje te litten, moatte der wol feroarings oan Operaasje Walküre trochfierd wurde. Stauffenberg-en-dy stelle it needplan hielendal op 'e nij op. In moaie ynstruier foar de fersetsgroep is dat Stauffenberg om dyselde tiid hinne befoardere wurdt ta stêfsjef fan 'e Reservestriidkrêften ûnder generaal Friedich Fromm. Om't it plan de hantekening fan Hitler sels nedich is, reizget Stauffenberg nei de Berghof, Hitler syn bûten yn Berchtesgaden, om 'e diktator deryn rinne te litten en syn goedkarring oan 'e feroarings te jaan, wat slagget.

Mei't inkeld de kommandant fan 'e reservestriidkrêften Operaasje Walküre yn wurking stelle kin, besykje Stauffenberg en Olbricht om 'e ambisjeuze en opportunistyske generaal Fromm foar it ferset te rekrutearjen. Sadree't er foar it ferstân kriget hokker kant it mei it petear útgiet, wegeret Fromm lykwols nei harren te harkjen. Mar hy jout oan dat er harren net oppakke litte sil troch foar te stellen dat se allegearre beare sille dat it petear nea plakfûn hat.

It plan foar de moardoanslach op Hitler nimt ûnderwilens fêstere foarm oan. Kolonel Albrecht ridder Mertz von Quirnheim, dy't ferstân fan eksplosiven hat, ûnderrjochtet Stauffenberg en syn jonge adjudant luitenant Werner von Häften op dat mêd. It idee is om in tiidbom yn in aktetas efter te litten by in gearkomste yn 'e Wolfschanze, it militêr haadkertier fan Hitler yn East-Prusen. Yn 'e finsterleaze bunker dêr't de gearkomsten dêr holden wurde, sil de útwurking fan 'e bom nammenste grutter wêze om't de skokweach nearne hinne kin, en sadwaande bestiet der gjin kâns dat Hitler it oerlibje sil. Stauffenberg bepraat generaal Erich Fellgiebel fan it Seinkorps fan 'e Wehrmacht om nei de oanslach alle ferbinings tusken de Wolfsschanze en de bûtenwrâld te ferbrekken. Goerdeler stelt as betingst dat de oanslach inkeld trochgong fine mei as behalven Hitler ek Heinrich Himmler, de sjef fan 'e Gestapo, by de gearkomste oanwêzich is.

Op 15 july 1944 is Stauffenberg oanwêzich by in gearkomste yn 'e Wolfsschanze, dêr't er in goede kâns hat om Hitler te deadzjen. Foarútrinnend op 'e oanslach wurde de reservestriidkrêften yn Berlyn yn 'e heechste steat fan paraatheid brocht op befel fan Olbricht. Mar Himmler is by de gearkomste ôfwêzich. Stauffenberg skillet Olbricht op om tastimming te krijen de oanslach dochs troch te setten, en Olbricht skillet Beck op, dy't by Goerdeler te rie giet. Dy beslút de oanslach te annulearjen. Quirnheim, dy't yn 'e tuskentiid Stauffenberg syn plak as adjudant fan Olbricht ynnommen hat, fiteret Stauffenberg oan om dochs troch te setten. It tillefoanpetear hat lykwols sa lang duorre, dat de gearkomste tsjin dy tiid foarby en Hitler fuort is. De reservestriidkrêften krije te hearren dat it mar om in oefening gie en wurde weromstjoerd nei harren kazernes. Wannear't Fromm ûntdekt dat Olbricht yn syn namme de reservestriidkrêften mobilisearre hat, reagearret er poerlulk en driget er Olbricht oppakke te litten as dy nochris sa'n streek úthellet.

Stauffenberg is tige min te sprekken oer de gong fan saken en by in gearkomste mei de oare lieders fan 'e fersetgroep seit er harren it mannewaar op oer harren beslútleazens. Goerdeler easket dêrop dat Stauffenberg út syn funksje yn it ferset ûntheft wurdt, mar Beck ynformearret him dat de SS in arrestaasjebefel tsjin him útfurdige hat. Dat betsjut dat Goerdeler fierders net mear by it ferset belutsen wêze kin en sjen moat dat er ûnderdûkt en nei Switserlân of Sweden flechtet. Nei't hy him ôfjûn hat, jout Beck oan Stauffenberg tenei carte blanche om sels beslissings te nimmen.

Op 20 july 1944 is der wer in gearkomste yn 'e Wolfsschanze dêr't Stauffenberg en Häften nei ta moatte. It is tige waarm waar en dêrom is de gearkomste ferpleatst fan 'e bunker nei in simmerbarak dêr't de finsters fan iepenset binne. Stauffenberg komt dêr pas efter nei't er de tiidbom al op skerp steld hat. Troch de haast hat er boppedat mar de helte fan 'e eksplosiven brûke kinnen, wat yn 'e bunker mear as genôch west hie, mar yn 'e iepen simmerbarak mooglik net. Hy hat no lykwols gjin oare kar as om troch te setten. Hy soarget dat syn aktetas deunby it sitplak fan Hitler stiet en ferlit dan de gearkomste. In oare ofsier, kolonel Heinz Brandt, dy't hast oer de aktetas stroffelet, set dy fierder ûnder de tafel, efter in massyf houten tuskenskot (dat Hitlet tsjin 'e eksploazje beskermet). As Stauffenberg syn auto berikt, giet de bom ôf. De barak wurdt hast hielendal ferwoastge. Stauffenberg en Häften meitsje har út 'e fuotten, bluffe harsels in paad by de kontrôleposten lâns en keare werom nei Berlyn yn 'e oertsjûging dat Hitler dea wêze moat.

Yn Berlyn wegeret Olbricht ûnderwilens en mobilisearje de reservestriidkrêften foar't dúdlik is dat Hitler dea is, om't er benaud is dat Fromm him yndie oppakke litte sil. Uteinlik fielt Quirnheim himsels twongen om Olbricht syn hantekening te ferfalskjen om 'e mobilisaasje-oarders dochs útgean te litten. Wannear't Stauffenberg weromkeart, hat er grutte argewaasje oer de gong fan saken. Hy druit Olbricht yn dat se it punt fan tebekwiken al lang foarby binne, en dat it no om syn libben giet. Dêrop jout Olbricht him út folle macht by it besykjen om in steatsgreep te dwaan. De gearspanners nimme de macht oer yn it Bendlerblock, it haadkertier fan 'e Wehrmacht yn Berlyn, en brûke de reservisten om 'e regearingswyk fan Berlyn yn 'e hannen te krijen. Wolf-Heinrich greve von Helldorf, de plysjekommissaris fan Berlyn, jout him by de gearspanning. Lieders fan 'e NSDAP, de SS en de Gestapo wurde arrestearre en ôffierd nei it tichthûs. Generaal Fromm, dy't fan fjildmaarskalk Wilhelm Keitel heard hat dat Hitler noch libbet en mei de skrik frij kommen is, wegeret him by de steatsgreep te jaan en wurdt yn it militêr haadkertier opsletten yn in ynrinkast. In oare generaal, Joachim von Kortzfleisch, dy't de steatsgreep besiket tsjin te kearen, wurdt dêr ek opsletten.

Tsjin 'e ein fan 'e middei hawwe de gearspanners de macht yn Berlyn fierhinne yn 'e hannen. Bûnsgenoaten yn Parys, Wenen en Praach nimme yn dy stêden de macht oer. Geroften dat Hitler de oanslach oerlibbe hat, docht Stauffenberg ôf as leagens en SS-propaganda. As majoar Otto Ernst Remer, de kommandant fan it Wachtbataljon Großdeutschland dat bestiet út reservisten, lykwols twa ferskillende arrestaasjebefellen tastjoerd kriget, ien foar minister fan Propaganda Joseph Goebbels, útfurdige troch de gearspanners, en ien foar Stauffenberg, útfurdige troch it nazy-rezjym, kriget er foar it ferstân dat er brûkt wurdt. Mar hokker kant is it rjochtlike regear en hokker kant binne de steatsgreepdoggers? Hy giet nei Goebbels ta, en dy stelt him tillefoanysk yn ferbining mei Hitler, dy't by de ûntploffing mei de skrik frijkommen blykt te wêzen. Dêrop jout Remer, in oertsjûge nazy, him daliks by de kant fan it regear en keart er him tsjin Stauffenberg-en-dy. Fan dat punt ôf wurdt de ynfloed fan 'e gearspanners stikje by stikje weromrôle. Dykôfsettings wurde opheft, de reservisten wurde weromstjoerd nei de barakken en de SS-ers en leden fan 'e Gestapo wurde frijlitten.