Bregje de Brouwer (Goirle, 9 maart 1999) is in Nederlânsk syngroanswimster, tegearre mei har twillingsuster Noortje de Brouwer wie sy de earste Nederlânske medaljewinner by it syngroanswimmen op de Olympyske Simmerspullen.
Karriêre Sy die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip swimmen, fjouwer kear oan it Europeesk kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 2020 en 2024). Sy waard by dizze kampioenskippen twa kear Europeesk kampioen, wûn in sulveren medalje by it wrâldkampioenskip en behellen in brûnzen medalje op de Olympyske Spullen.
Troch in skouderblessuere by har suster Noortje moast Bregje it ein 2022 begjin 2023 in skofke mei Marloes Steenbeek swimme. Mei Steenbeek behelle Bregje in sulveren medalje op de Europeeske Spullen 2023.
Kategory:Nederlânsk syngroanswimmer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1999