Sifan Hassan (Nazreth (Etioopje) is in Nederlânsk Atlete fan Etiopysk komôf. Sy waard trijeris Olympysk kampioene.
Yn 2008 begûn Hassan yn Ljouwert by Atletyk feriening Lionitas mei atletyk, op 22 novimber 2013 krige de atlete hja wenne en trainde yntusken yn Arnhim de Nederlânske nasjonaliteit. Yn 2014 waard sy op de 1500 m Europeesk kampioene, yn 2015 Europeesk indoorkampioene en yn 2016 wrâldkampioene. Yn 2015 ferovere sy de Europeeske fjildrintitel en yn 2018 de Europeeske titel op de 5000 m. Yn 2019 waard sy wrâldkampioene op de 1500 en 10.000 m. Yn 2021 waard sy Olympysk kampioene op de 5000 m en 10.000 m en helle sy brûns op de 1500 m. Sy wie de earste atlete dy 't op deselde Olympyske Spullen op al dizze trije ôfstannen in medalje ferovere. By de Olympyske Spullen fan Parys yn 2024 wûn Hassan goud op de maraton en brûns op de 5000 en 10.000 m.
Kategory:Nederlânsk lange-ôfstânsdraver Kategory:Nederlânsk middellange-ôfstânsdraver Kategory:Nederlânsk maratondraver Kategory:Nederlânsk fjildrinner Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw Kategory:Nederlânsk persoan fan Etiopysk komôf