De Koker is in nôt- en pelmûne oan it Oosteinde yn it Noard-Hollânske doarp Wormer.
De mûne waard op it hjoeddeiske plak yn 1866 op 'e nij boud en ynrjochte as nôtmûne. It is in achtkante, reiddutsen muonts en bûtenkruier.
Op 'e hjoeddeiske lokaasje stiene earder oare mûnen. De lêste wie in wipmûne, dy't op 1 july 1866 ôfbaarnde. De hjoeddeiske mûne stie earder yn Graft en ferhûze doe nei Wormer. Yn Graft stie de mûne ek al net mear op syn oarspronklike plak, want noch earder wie it in papiermûne yn Zaandijk.
Yn 1928 rekke de mûne troch in minne roede bûten gebrûk en yn 1944 waard de mûne oernommen troch de stifting De Zaansche Molen, dy't de mûne restaurearre.
De mûne wurdt regelmjittich troch frijwillige mûnders in bedriuw holden.
Keppeling om utens De Hollânske Mûne.
Kategory:Bouwurk yn Wormerlân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Hollân Kategory:Mole yn Noard-Hollân Kategory:Pelmole Kategory:Nôtmole Kategory:Bouwurk út 1866