Taucha is in stêd en gemeente yn 'e Landkreis Noardsaksen yn Dútslân. De gemeente Taucha hat 15.866 ynwenners (2024).

Taucha hat in skiednis dy't weromgiet nei de 12e iuw. Taucha krige al yn 1170 stedsrjochten fan 'e aartsbiskop fan Magdeburg. Dat barde om konkurrinsje te bieden oan it tichtebylizzende Leipzig, dat ûnder it regear fan Meissen foel. Dy âlde rivaliteit late derta dat de ynwenners fan Leipzig nei ynname yn 1282 de stedsmuorren en it kastiel fan Taucha platsmiten hawwe.

Troch de stêd streamt it lytse rivierke de Parthe. It omlizzende natuergebiet, it Natuerreservaat Partheland, is in wichtich grien rekreaasjegebiet foar sawol Taucha as it oangrinzgjende Leipzig.

Gemeenteyndieling Njonken de stêd Taucha bestiet Taucha fierder út de 8 ''Ortsteilen Cradefeld, Dewitz (mei Döbitz), Graßdorf, Merkwitz, Plösitz, Pönitz, Seegeritz en Sehlis.

Kategory:Plak yn Saksen Kategory:Gemeente yn Saksen Kategory:Noardsaksen (Landkreis)