Piet Adema (folút: Pieter Adema; De Pein, 6 novimber 1964) is in Frysk bestjoerder en politikus foar de KristenUny. Hy begûn syn politike wurkpaad op lokaal nivo foar it GPV, ien fan 'e foarrinners fan 'e KristenUny. Letter hied er sit yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân, en fan 2007 oant 2011 wied er deputearre mei sizzenskip oer ferkear en ferfier, miljeu en earmoedebelied. Neitiid tsjinne Adema as waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen, Tynaarlo en Borger-Odoorn. Ek wied er acht jier lang partijfoarsitter fan 'e KristenUny. Fan 2022 oant 2024 naam Adema de swiere post fan minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit op him yn it kabinet-Rutte IV. Mei syn plannen foar ynkrimping fan 'e agraryske sektor yn Nederlân makke er net folle freonen, mar nei't er opfolge wie troch Femke Wiersma fan 'e boerepartij BBB, die bliken dat sy mei in protte fan Adema syn plannen fierder woe.
Oplieding en karriêre Piet Adema hat nei de mafû enerzjytechnyk op de mts dien en letter hat er oan de Iepen Universiteit modulen organisaasjekunde folge. Yn 1994 hat er bedriuwsfiering enerzjytechnyk dien. Hy sette mei syn karriêre útein as ljochtadviseur en ferkeaplieder. Dêrnei wurke er by in ynstallaasjebedriuw dêr't er kommersjeel foaroanman waard. Hy sette yn 1991 mei syn eigen ûndernimming útein, mar ferkocht dat bedriuw yn 1997. Dêrnei gie er by de direksje fan de Breman Groep oan it wurk. Yn 1999 waard er kritedirekteur fan VolkerWessels en wie dêre fan 2005 ôf ynterim-foaroanman.
Politike karriêre Provinsje Fryslân Om 1990 hinne waard Adema bestjoerlik aktyf yn it Grifformeard Polityk Ferbûn (GPV) yn Fryslân. Nei de fúzje fan it GPV mei de Reformatoaryske Politike Federaasje (RPF) ta de KristenUny wie er ek yn de nije partij warber. Oant 2003 wie er foarsitter fan de provinsjale ôfdieling fan de KristenUny.
It provinsjaal bestjoer besleat yn 2006 yn it ramt fan de Provinsjale Steateferkiezings fan 2007 yn plak fan Rein Ferwerda in nije listoanfierder keazen wurde soe. Adema waard dêrfoar frege en waard dêrmei de Fryske KristenUny-listoanfierder. Nei dy ferkiezings waard foar it earst yn Fryslân en noch guon oare provinsjes in kolleezje fan Deputearre Steaten foarme dêr't de KristenUny part fan wie. Adema, dy't mei twa partijgenoaten keazen waard, waard yn Fryslân deputearre mei ferkear en ferfier, miljoe en earmoedbelied yn syn portefúlje. Dat late yn de Fryske polityk suver ta in skeel, om't de KristenUny earder âld-wethâlder Sicco Boorsma as kandidaat-deputearre nei foarren skood hie.Piet Adema toch in bestuur Fryslân Nederlands Dagblad 1 juny 2007
Nei de ferkiezings fan 2011 dêr't er fannijs listoanfierder fan de KristenUny yn Fryslân fan wie en de KU wer trije sittennhelle, folge in kolleezje dêr't de KU troch it FNP by ferfongen waard.
Waarnimmend boargemaster Adema waard ein maaie 2011 ta waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen beneamd as opfolger fan Tjeerd van der Zwan, dy't boargemaster fan It Hearrenfean wurden wie. Adema bleau yn dy funksje oant healwei jannewaris 2013 doe't Gerben Gerbrandy him as boargemaster fan Achtkarspelen opfolge.
Op 12 augustus 2013 waard Adema waarnimmend boargemaster fan de Drintske gemeente Tynaarlo, dêr't er oant 16 desimber 2014 syn taak ferfolle. Op 22 desimber dat jiers waard er waarnimmend boargemaster fan Borger-Odoorn, ek yn Drinte, dêr't er oant juny 2015 bleau.Piet Adema waarnemend burgemeester Borger-Odoorn RTV Drenthe 1 desimber 2014
Partijbestjoer KristenUny Adema waard yn 2012 polityk sekretaris fan it lanlik bestjoer fan de KristenUny. Dat jiers wiene dêr Twadde Keamerferkiezings en waard er foarsitter fan de kommisje dy't it lanlik ferkiezingsprogramma foar de KristenUny skreau. Hy waard op 1 maart 2013 as kandidaat-partijfoarsitter fan de KristenUny foarsteld by it Unykongres fan de partij en op 13 april dat jier waard er ta foarsitter, as opfolger fan Klaas Tigelaar, keazen. Op 17 april 2021 stapte er as foarsitter op nei't er twa terminen as foarsitter fan de KristenUny tsjinne hie en hy waard troch Ankie van Tatenhove opfolge.Ferslach 43e partijkongres KristenUny op 17 april 2021 KristenUny 17 april 2021
Minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit Adema waard op 3 oktober 2022 minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit yn it kabinet-Rutte IV, nei't partijgenoat Henk Staghouwer op 6 septimber dat jiers dien joech.Piet Adema fan De Wylgen wurdt de nije minister fan Lânbou omrop Fryslân 3 oktober 2022. It ministerskip waard ûnderwilens troch Carola Schouten waarnommen.Untslach minister fan Lânbou Ryksoerheid 5 septimber 2022Beneaming minister fan Lânbou Ryksoerheid 3 oktober 2022 Yn syn portefúlje hat er lânbou, túnbou, fiskerij, itenskwaliteit, bistewolwêzen en bistesûnens (DGF), kwekersrjocht en de Nederlânske Itens- en Ware-autoriteit (NVWA). De boereprotesten tsjin it stikstofbelied giene yn syn ministerskip troch.Boeren fiere aksje by Drachten, benaud foar hanthavening op Pas-melders Omrop Fryslân 10 novimber 2022Protest bij kamerdebat mest en stikstof, extra geld voor boeren NOS 21 desimber 2023 Syn ministerskip duorre oant 2 july 2024 doe't it kabinet-Schoof begûn.
Karriêre bûten de polityk Foarsitter brânsorganisaasjes Nei't er waarnimmend boargemaster yn Borger-Odoorn west hat, waard er foarsitter fan Schoonmakend nederland, doe noch OSB, de brânsorganisaasje foar skjinmakkers- en glêzewaskerijbedriuwenPiet Adema gaat de schoonmaakbranch in RTV Drenthe 9 april 2015Adema voorzitter fan OSB-bestuur Deiblêd fan it Noarden 10 april 2015 en yn novimber 2017 waard er foarsitter fan it bestjoer fan ''WoningbouwersNL, doe noch NVB, de brânsorganisaasje foar ûntwikkelders en bou-ûndernimmers.Piet Adema nieuwe voorzitter NVB NVB 17 novimber 2017
Njonkenfunksjes Dêrnjonken wie Adema lid fan it algemien bestjoer fan VNO-NCWGearstalling bestjoer VNO-NCW VNO-NCW 1 july 2019, lid fan it haadbestjoer fan MKB-NederlânBestjoer MKB MKB-Nederlân, argivearre op 25 july 2019, lid fan de ried fan kommissarissen fan RENDOAandeelhouders en RvC RENDO, lid fan de ried fan kommissarissen fan LarcomAdema nieuwe commissaris bij Larcom De Stentor 4 july 2013, foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan WTC LjouwertOSB-voorzitter Piet Adema wil onbevangen meters maken Clean Totaal 14 septmber 2015 en lid fan de ried fan kommissarissen fan WoningborgSolvency and Financial Condition Report 2018 Woningborg april 2019, oproppen op 23 septimber 2023.
Persoanlik libben Piet Adema is boaske en hat fjouwer bern.
Keppelings om utens Piet Adema op rijksoverheid.nl Piet Adema op parlement.com
Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk deputearre Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:KristenUny-politikus Kategory:Nederlânsk minister fan Lânbou Kategory:Persoan berne op De Pein Kategory:Persoan berne yn 1964