Rhauderfehn (Sealterfrysk: Rauderfeen) is in gemeente yn de dielsteat Nedersaksen, yn 'e lânkring Lier yn 'e histoaryske gemeente Oerledingerlân yn East-Fryslân. It haadplak is Westrhauderfehn. Rhauderfehn is ferneamd om syn ferskaat oan wiken en tradisjonele feankultuer. Mei syn is it de fjirde gemeente yn 'e lânkring Lier. De ynwenenrs binne ferspraaat oer 103 km². Ostrhauderfehn, heart lykwols net ta Rhauderfehn en is in selsstannige gemeente yn 'e lânkring Lier. De gemeente waard yn 1973 oprjochte út 9 oant doe ta selsstannige doarpsgemeenten.

De namme fan 'e gemeente komt fan de yn 1769 stifte feankoloanje mei deselde namme, dy't op syn bar wer neamd is nei it âlde geastdoarp Rhaude yn it noardwesten fan 'e gemeente. Njonken Rhaude binne Backemoor en Collinghorst de âldste doarpen. Grutte parten fan it grûngebiet waarden yn 'e 18e en 19e iuw troch feanters oanmakke.

Ekonomysk wurdt Rhauderfehn skaaimerke troch lânbou, toerisme en guon yndustriele bedriuwen, lykas in fabrikant fan ritsen (Opti). De gemeente is benammen in forinzegemeente

Rhauderfehn hat trije midsiuwske tsjerken, oare histoaryske bouwurken binne wynmûnen en in grut tal klapbrêgen oer de feankanalen.

Geografy Rhauderfehn leit yn it uterste suden fan Eastfryslân en foarmet mei de gemeenten Westoverledingen en Ostrhauderfehn de histoaryske gemeente Oerledingerlân, ien fan de Fryske Seelannen yn 'e snuorje fan 'e Fryske Frijheid. De súdlike grins fan 'e gemeente foarmet in part fan de súdgrins fan Eastfryslân.

It noarden fan 'e gemeente bestiet in smelle stripe rivierklaai by de rivier de Leda del, dy't in part fan 'e noardgrins fan 'e gemeente foarmet. It grutste pat fan 'e gemeente bestiet út, ûnderwilens ôfgroeven, heechfean. Leechfean is allinnich te finen súdeastlik fan Backemoor dat op in geastrêch leit, mank mei oare doarpen yn it noarden fan 'e gemeente lykas Rhaude, Holte, Schatteburg en Collinghorst. Ek it doarp Langholt leit op in smelle geastrêch, dy't ferbûn is mei de geast fan de neamde doarpen yn it noarden mei de geast yn it suden fan it Iemslân Dy smelle stripe geast skiedt it heachfean fan 'e omkriten fan Westrhauderfehn mei dy fan Ostrhauderfehn. De boaiem fan 'e Eastfryske geast bestiet út deksân en balstienliem. Om de neamde geastdoarpen lizze grutte kûlisselânskippen.

Oangrinzgjende gemeenten yn it westen: Westoverledingen yn it noardwesten: stêd Lier yn it noarden: Detern yn it easten: Ostrhauderfehn yn it suden: Bockhorst en Surwold yn 'e lânkring Iemslân yn it súdwesten: Papenburch yn Iemslân

Bestjoerlike yndieling De gemeente Rhauderfehn bestiet út tsien offisjele kearnen (Ortsteile), dy't foar de weryndieling yn Nedersaksen yn 1973 selsstannige gemeenten wiene. De doetiidske gemeente Langholt waard ferdield tusken de gemeenten Rhauderfehn en Ostrhauderfehn.

Kearn Ynwenners Backemoor 480Side Backemoor Burlage 1.550Gemeente Rhauderfehn: Skiednis Burlage Collinghorst 2.485Gemeente Rhauderfehn: Skiednis Collinghorst Holte 510Gemeente Rhauderfehn: Skiednis Holte Klostermoor 1.335Gemeente Rhauderfehn: Skiednis Klostermoor Langholt (foar in part) 710Gemeente Rhauderfehn: Skiednis Langholt Rhaude 405Gemeente Rhauderfehn: Skiednis Rhaude Rhaudermoor 2.940Gemeente Rhauderfehn: Skiednis Rhaudermoor Schatteburg 90Gemeente Rhauderfehn: Skiednis Schatteburg Westrhauderfehn 7.160Gemeente Rhauderfehn: Skiednis Westrhauderfehn

It ekonomyske swiertepunt en it tichtst befolke part fan 'e gemeente is yn it easten mei it haadplak Westrhauderfehn en Rhaudermoor, dy't suver oaninoar fêstwoeksen binne en dy't mei 10.000 ynwenners mear as de helte fan 'e totale ynwennertal fan 'e gemeente befettet.

Skiednis De stifting fan Rhauderfehn giet werom nei de 18e iuw, doe't it ûntwikkele waard as in feankoloanje. De gemeente waard oanlein mei in kompleks systeem fan wiken foar it ôfwetterjen fan it fean en it transport fan turf. Dy wiken binne noch hieltyd in wichtich ûnderdiel fan it lânskip.

Namme It grûnelemint fan de namme Rhauderfehn giet werom op it âlde geastdoarp Rhaude. Rhaude waard mooglik foar it earst neamd yn in oarkonde fan it kleaster Werden as Renuuidu. Yn de dokuminten stean in soad fan de âldste Eastfryske plaknammen neamd. Der is lykwols gjin bewiis dat Renuuide nei Rhaude ferwiist. De plaknamme is ôflaat fan it Aldfryske rathwidu of rothwidu, itjinge ferdútst wurde kin as "ûntboske bosk" en ferwiist nei de yn 'e midsiuwen noch grutte wâld op de geast.

De útgong -fehn ferwiist dêr eni dat Rhauderfehn in feangebiet is. Yn Nederdútske dokuminten út 'e 15e iuw betsjut it wurd Fehn (fean) ynearsten allinnich "delsetting yn it fean". Dochs nei it oanlizzen fan Großefehn yn 1633 krige it wurd yn East-Fryslân in bredere, konkretere betsjutting as algemiene term foar in feangebiet dat by in dêr spesjaal foar groeven kanaal, in feankanaal (Fehnkanal yn it Dútsk) oanlein waard.

De namme Rhauder Wester-Fehn foar it westlik part fan Rhauderfehn en de oerienkomstige nammen Rhauder Oster-Fehn waarden yn 1824 troch de Eastfryske histoarikus Fridrich Arends fêstlein yn syn Erdbeschreibung des Fürstenthums Ostfriesland und des Harlingerlandes (beskriuwing fan it foarstedom Eastfryslân en Harlingerlân). Yn 1871 wurdt de hjoeddeistige stavering "Westrhauderfehn" brûkt. Yn it Eastfrysk Plat wurdt sprutsen fan Westerfeen.

Midsiuwen thumb|Poartestien fan 'e Kommanderije Langholt, hjoed-de-dei yn it Fean- en Skipfeartmuseum yn Westrhauderfehn It âldste part fan 'e gemeente is nei alle gedachten it doarp Backemoor yn it noarden. De tsjerke dêre komt fan likernôch 1250. Backemoor wie yn 'e snuorje fan 'e Fryske Frijheid it gearkomsteplak fan de riedsleden út gâns it Oerledingerlân.

Yn 'e 13e iuw stiften Johanniters út Burgsteinfurt de Kommanderije Langholt as dûbelkleaster yn it doe noch folsleine net oanmakke gebiet. De kommanderije waard boud oan 'e Langholter Tief, dy't allyk yn it westen as yn it easten omjûn waard troch grutte heechfean gebieten. Op 8 septimber 1319 waard de Kommanderije Langholt foar it earst neamd yn in akte tusken it Johanniter sikehûs Burgsteinfurt en de Fryske kommanderijen.

By de kommanderije hearde ek it foarwurk yn Burlage, dat yn eatsetna s selsstannige Kommanderije Burlage, dy't ek yn 1319 neamd waard, stifte waard, dochs etter oan Langholt tafoege waard. Oar eigendom fan de kommanderije wie likernôch 6000 bunder lân yn it hjoeddeistige doarp Klostermoor.

Holte wie yn 'e midsiuwen troch syn feemerken in ekonomysk sintrum fan it súdlike Oerledingerlân. Op de Bietzebarg yn Holter Hammrich (Holter himrik) wurdt foar it jier 1409 de Volnesborg neamd. Dêr wurdt yn dat ferbân neat oer in haadling yn dy boarch neamd. Lykas it gânse Oerledingerlân kaam it bewenne noarden fan 'e hjoeddeistige gemeente yn 'e rin fan de Eastfryske haadlingeskelen ûnder ynfloed fan de út Neermoor en letter út Lier kommend ehaadling Fokko Ukena, foar't er ûnderwurpen waard oan de Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen ûnder lieding fan 'e haadlingefamylje Sirksena út Greetsiel. De Sirksena's krigen yn 1464 gâns Eastfryslân yn lien.

Under de Sirksena's Nei't keaplju út Emden yn 'e Tritichjierrige Kriich al de earste feanterijen yn Eastfryslân oanlein hiene, lykas Großefehn yn 1633 as earste, kaam ek it heechfean yn it suden fan Rhaude yn oanmerking. De boargers fan Emden, Harm van den Berghe en Röttger Franzisci, krigen yn 1649 fan 'e lânshear in konsesje foar it oanlizzen fan in feankoloanje yn it gebiet fan 'e Rhauder Skâns. It projekt kaam lykwols faai te stean en waard lang om let troch de keaplju opheft. It tariedend wurk yn 'e foarm fan in ôfwetteringskanaal waard letter ek net brûkt foar it oanlizzen fan 'e feankoloanje.

Nei de Reformaasje waarden alle kleasters en kommanderijen yn Eastfryslân stadichoan ûntbûn, lykas de kommanderije Langholt dy't troch de greve ûnteigene waard. Yn 1528 kaam Langholt yn it besit fan greve Enno II. Soksoarte dingen laten letter ta ferskate prosessen foar it Rykskeamergerjocht. Op 3 septimber 1574 waard for it Gerjocht in skikking troffen tusken de Eastfryske greven en de Johanniten. De doetiidske grevinne fan Eastfryslân, Anna, moast Langholt "mei alle foarwurken, pachtjild, rinten en oar besit" weromjaan. Dy waarden dêrnei ta de oarder, fertsjintwurdige troch de kommanderije yn Burgsteinfurt, oan erfpachters tawiisd.

Feanterij thumb|200px|Edikt ta de feanoanmakkerij út 1765 Nei't de lêste greve fan Eastfryslân, Karel Edzard op jonge jierren, sûnder bern, ferstoar, foel Eastfryslân yn 1744 oan Prusen. De bestjoersstruktuer fan 'e Sirksena's waard oernommen. It gebiet fan Rhauderfehn foel ûnder it Amt Stickhausen, dat likernôch it eastlike tredde part fan 'e hjoeddeistige lânkring Lier omfette. Backemoor en Holte wiene nei Detern, dat tichteby it amtssit lei, de twadde en tredde wichtige fêstigingsplakken fan ambachtslju en hannelers yn it hjoeddeistige gemeentegebiet. Dêrfoaroer spilen de geastdoarpen Collinghorst, Rhaude en Schatteburg amper in rol.

It haadplak en de nammejouwer fan 'e gemeente, Westrhauderfehn, waard yn 1769 troch guon sakelju as feanterij stifte. Dat wiene de keapman Hinrich Thomas Stuart en boekhâlder Johann Heinrich Heydecke fan Lier, distriktsbestjoerder Rudolph Heinrich Carl fan Stickhausen, belêstingûntfanger Alrich Weyers Ibelings fan Breinermoor en boer Wille janssen fan Holte. Sy hiene foar harren Rauder-Fehn-Kompanjy fan de Prusyske steat in oerflak fan 1500 deimêd as "haadpachter" yn erfpacht nommen en ferpachten dy grûn dêrnei oan "ûnderpachters" fierder oan nije kolonisten. Yn dy snuorje waard it turf ôfgroeven, dêr't tagelyk it ûnfruchtbere lân troch kultivearre waard en de turf as brânstof ferkocht waard oan de Eastfryske stêden, mar ek oan Hamburch en Altona. It ôfgroeven mêd koe dêrnei brûkt wurde as lânbougrûn.

De troch Prusen stimulearre kolonisaasje fan it feangebiet late ta it waaksen fan it ynwennertal fan it Amt Stickhausen fan likernôch 5.100 oant 9.300 persoanen. Yn 1806 wie it Amt neffens ynwennertal it op twa nei grutste, nei de Amten Auwerk en Lier.

Lettere ûntjouwings Yn 'e Frânske tiid rekke de fierdere ûntwikkeling fan it feangebiet ta in stilgean as gefolch fan it kontinintaal stelsel en it waaksen fan 'e befolking stagnearre. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw bloeiden de hannel en skipfeart op en libben hieltyd mear ynwenners fan 'e feankoloanje fan 'e skipfeart, om't bliek dat de kultivearre delsettings te lyts waarden foar in foltiids lânbou. Sa fieren de measte manlju fan 'e koloanje as kapiteins en reders op harren eigen sylskippen de see op. thumb|Mammoetploege, brûkt by it Iemslânprojekt Wylst yn East-Fryslân yn 'e 1840-er jierren úteinset waard mei it oanlizzen fan stienwegen tusken de stêden, krige it gebiet yn Rhauderfehn yn 1862/63 in earste fêste dykferbining, tusken de doarpssintrums fan West- en Ostrhauderfehn. Dat wie lykwols wichtich nei 't der sjoen wurdt dat de kanalen yn it ferline de wichtichste ferkearsferbinings fan it feangebiet wiene. Turf en allegear soarten guod waarden mei mutten en tsjalk oer it haadkanaal fan en nei Rhauderfehn ferfierd. De frij koarte dykferbining oer de Fehntjer Meer nei Ostrhauderfehn waard yn 'e jierren dêrnei útwreide ta in mei strjitstiennen befluorre wei.

Yn 1910 besleat it distriktsbestjoer fan Lier en lis in smelspoar oan fan Westrhauderfehn nei Ihrhove, dêr't in oansluting wie op it normaalspoar nei it Iemslân. Op 3 novimber 1912 waard it smelspoar yn gebrûk nommen, dêr't de Prusyske steat, de provinsje Hannover en 'e lânkring Lier by belutsen wiene.

Nei de Twadde Wrâldkriich fong it gebiet flechtlingen út de Dútske eastgebieten op en kaam it ynwennertal foar it earst boppe de 10.000 ynwenners.