Ecodrome wie in belibbingspark yn de Oeriselske stêd Swol. Alles yn it park stie yn it teken fan natuer en kultuer. It park waard eksploitearre troch Libéma.
It paviljoen fan Ecodrome kaam fan de Floriade fan 1992 yn Zoetermeer. It paviljoen wie dêr yn gebrûk troch it Ministearje fan VROM as "Nasjonaal Miljeupaviljoen Ecodrome". Nei dy Floriade waard it foar in symboalysk bedrach fan ien gûne beskikber steld oan in gemeente dy 't der wat nuttichs mei dwaan koe. De gemeente Zwolle toande belangstelling en hat it inkelde jierren letter yn Swol pleatst en der in belibbingspark omhinne makke.
Ein novimber 2011 liet Ekodrome witte mei yngong fan 1 april 2012, yn de doetiidske opset, de doarren te sluten. Dit wie in direkt gefolch fan it feit dat de gemeente Zwolle earder dat jier besleat de subsydzje oan Expeditie Ecodrome yn te lûken. Yn oktober 2014 waard it terrein fan it Ecodrome ferkocht oan "Stichting Summercamp Heino". Op it Terrein fan Ecodrome is sûnt 2016 Dinoland Zwolle te finen. It opfallende paviljoen van Ecodrome waard yn maart 2024 ôfbrútsen.RTV Focus Zwolle, 22-3-2024, Sloophamer in paviljoen Dinoland Zwolle; en dit is waarom Riedplachte op 1-7-2024
Kategory:Bouwurk yn Swol Kategory:Earder ferdivedaasjepark yn Oerisel Kategory:Bedriuw mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Bedriuw opheft yn 2012