Wiedemar is in plak en gemeente yn 'e Landkreis Noardsaksen yn Dútslân. De gemeente Wiedemar hat 5544 ynwenners. Wiedemar hat in lange agraryske skiednis en is bekend om syn pittoreske plattelân en histoaryske pleatsen.
Gemeenteyndieling De gemeente waard op 1 jannewaris 2013 foarme troch de gearfoeging fan 'e earder selstannige gemeenten:
de eardere gemeente Neukyhna mei de Ortsteilen Doberstau, Kyhna, Lissa, Pohritzsch, Quering, Serbitz, Zschernitz en Zaasch de eardere gemeente Wiedemar mei de Ortsteilen Klitschmar, Kölsa, Peterwitz, Rabutz, Werlitzsch en Wiesenena de eardere gemeente Zwochau mei de Ortsteilen Grebehna en Zwochau.
Adonis fan Zschernitz thumb|left|Adonis fan Zschernitz By Zschernitz is yn 2003 by archeologysk ûndersyk in foar in part yntakt, ierdewurken byldsje fan in man fûn, de saneamde Adonis fan Zschernitz. It wurdt tawiisd oan 'e bânkeramyske kultuer en datearre út it jier 5200 foar de jiertelling. Sokke byldsjes binne tige seldsum. It byldsje wurdt hjoed-de-dei yn it Staatliches Museum für Archäologie bewarre.
Kategory:Plak yn Saksen Kategory:Gemeente yn Saksen Kategory:Noardsaksen (Landkreis) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2013