Sankt Johann is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Sankt Johann heart by de ferbânsgemeente Sprendlingen-Gensingen.

It besjen wurdich De protestantske, heechgoatyske Jehannestsjerke is it belangrykste monumint fan it doarp en ek ien fan 'e belangrykste tsjerken yn Rynhessen. De tsjerke waard yn 'e twadde helte fan 'e 14e iuw troch de greven fan Sponheim-Kreuznach as beafeartstsjerke boud en leit oan it Rynhessyske Sint-Jabikspaad. Yn 'e tsjerke binne midsiuwske muorreskilderings bewarre bleaun, û.o. in 6 by 8 m grutte foarstellng fan 'e stiftersfamylje dy't Kristus en Marije ferearje. Dêrnjonken binne ek de moderne tsjerkefinsters fan Heinz Hindorf it besjen wurdich. It oargel yn 'e tsjerke waard yn 1793 troch Johann Philipp Oberndörfer foar Roßdorf by Darmstadt boud. Sûnt 1848 stiet it oargel yn Sankt Johann.

Eveneminten Ienris yn it jier wurdt al sûnt de midsiuwen de Sankt Johanner Jahrmarkt organisearre. Dy wurdt yn it wykein nei de feestdei fan Jehannes (24 juny) fierd.

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts