Middenbeemster is in doarp yn de gemeente Purmerein yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It doarp leit yn it midden fan de Beemsterpolder en wie foar 1 jannewaris 2022 it haadplak fan de doe ophefte gemeente Beemster. Yn de himrik fan Middenbeemster falle de buorskippen Oostbeemster en Zuidbeemster.
Middenbeemster hat ynwenners ().
Geografy Sa't de namme al seit leit Middenbeemster yn it midden fan de Beemsterpolder. Nei't de polder drûchlein waard, waard er systematysk ferkavele en de doe ûntstiene delsettings systematysk neamd nei de lizzing dêrfan.
Skiednis Middenbeemster is it âldste doarp fan de Beemster. Mei it oanlizzen fan in rjochthoekich plein yn 1610 en de bou fan de tsjerke yn 1623 oan dat plein, ûntstie dêr al rillegau in buorren dy't grutter wie as de measte buerten yn de Beemster dy't nei it drûchmeitsjen ûntstien wiene. It plein waard oanlein yn de midkavel fan de Beemster, dêr't de plaknamme dan ek fan ôflaat is. De tsjerke, Keyser- of Beemstertsjerke, waard troch de stedsarsjitekt fan Amsterdam, Hendrick de Keyser, ûntwurpen.
Middenbeemster woeks om it plein en de tsjerke hinne ta it sintrum fan de Beemster. Op it plein waard al gau in feemerk holden. Oan de rânen waard in hearehûs, in weeshûs en in skoalle boud. Net fier dêr wei waard de nôtmûne De Nachtegaal boud. Middenbeemster bleau de wichtichste kearn fan de Beemster. Hoewol't it doarp him yn de twadde helte fan de 20e iuw útwreide, waard it rjochthoekige patroan net loslitten. Alle lettere útwreidings waarden neffens dat patroan boud. Oan alle taheakke buerten is te sjen út hokker tiidrek dy komme en hokker wenferlet dêr wie, fan rychjehûzen oant frijsteande wenten mei sleatten en lytse grêften tusken de hûzen troch.
Monuminten Middenbeemster hat in stikmannich ryksmonuminten, lykas de herfoarme tsjerke, de nôtmûne De Nachtegaal, guon hearehuzen en monumintale stjelppleatsen. Yn in monumintale stjelp fan 1877 is it Agrarysk Museum Westerhem fêstige
Ofbylden
Ferneamde ynwenners Carel Fabritius (1622-1654), skilder Francien de Zeeuw (1922-2015), Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
Keppeling om utens Histoarysk Selskip Middenbeemster
Kategory:Plak yn Beemster Kategory:Plak yn Purmerein