Wolfsheim is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Sûnt 1972 is Wolfsheim in ûnderdiel fan it gemeenteferbân Sprendlingen-Gensingen.
It besjen wurdich De protestantske tsjerke hat in romaanske sealtektoer út de 12e iuw. It skip waard yn 1586-1587 boud en yn 'e jierren 1747-1748 ferboud en fergrutte. Oan 'e Kreuznacher Straße 4 stiet in ier 18e-iuwsk fakwurkhûs. Op it tsjerkhôf stiet in kriichsmonumint foar de fallen soldaten yn 1914-1918. It gemeentehûs oan 'e Kreuznacher Straße 7 (1896) is it eardere skoalgebou.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts