|} It spoar fan Almelo nei Salzbergen is in spoarwei yn Oerisel en it Dútske Nedersaksen, mei in langte fan 54,5 km. De spoarwei wie ree yn 1865. De line is oanlein troch de Spoorweg-Maatschappij Almelo-Salzbergen (AS).

Skiednis De line waard as inkeldspoar oanlein, mar mei trochdat de ferbining yn Almelo al gau oansluting krige op de spoarlinen nei Swol en Dimter naam it belang fan de line ta. Yn 1902 waard dêrom it stik fan Almelo nei Hengelo ferdûbele. Yn Hengelo waard dêrby daliks it grutste part fan de line en it emplasemint ferhege. Troch de sânwinning dêrfoar is it Lonnekermar ûntstien. It stik fan Hengelo nei Oldenzaal folge yn 1905 en yn 1913 wie de folsleine line ferdûbele.

Begjin jierren 1950 waard besletten om it Nederlânske haadspoarnet te elketrifisearjen. It trajekt fan Almelo nei Oldenzaal koe mei yngong fan 20 maaie 1951 mei in elektryske trein beriden wurde, en it trajekt fan Oldenzaal nei Bad Bentheim waard yn de jierren 1971-1976 elektrifisearre mei in lykspanning fan 1500 folt. Per 30 maaie 1976 koene Nederlânske elektryske treinen dêrtroch trochride nei Bad Bentheim. It trajekt fan Bad Bentheim nei Salzbergen wie lyktidich elektrifisearre mei in wikselspanning fan 15.000 folt, 16⅔ Hz. Fanwegen it ferskil yn spanning yn Nederlân en Dútslân is it op de spoaren 1 oant en mei 5 yn Bad Bentheim mooglik makke om de boppelieding om te skeakeljen fan de Nederlânske gelyk- nei Dútske wikselspanning en oarsom.

Fan 2006 oant 2009 is tusken de stasjons Almelo en Almelo de Riet wurke oan in ferdjippe spoarbak. Sûnt de simmer fan 2009 ride de treinen tusken Almelo en Almelo de Riet troch dizze spoarbak. Alle oerwegen binne dêrby ferfongen troch fiadukten.

Stasjons en gebouwen (kursyf: earder stasjon) Stasjon Iepene Hjoeddeistich gebou150px Almelo 1865 1962, 3e gebou, unyk ûntwerp fan Koen van der Gaast, by iepening in fakwurkgebou. 150px Almelo de Riet 1926 1957, 1e gebou, Standerttype Vierlingsbeek Zenderen 1888 Gjin, stasjon sletten yn 1941. 150px Borne 1865 1975, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening in unyk ûntwerp. 150px Hengelo 1865 1975, 3e gebou, unyk ûntwerp fan H.G.J. Schelling, by iepening type Hengelo 150px Hengelo Oost 1975 Gjin 150px Oldenzaal 1865 1865, 3e gebou, unyk ûntwerp fan Koen van der Gaast, by iepening in fakwurkgebou. Gildehaus 1865 1865, 1e gebou, stasjon sletten yn 'e 50er jierren. 150px Bad Bentheim 1865 1865, 1e gebou, unyk ûntwerp fan Franz Ewerbeck 150px Schüttorf 1865 ûnbekend, by iepening unyk ûntwerp fan Franz Ewerbeck Salzbergen 1865 ûnbekend, by iepening unyk ûntwerp fan Franz Ewerbeck

Almelo Salzbergen Almelo Salzbergen Kategory:Bouwurk út 1865