Neresheim (Swabysk: Näres) is in stêd yn 'e lânkring Ostalbkreis yn it easten fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. It is in toeristysk plak oan 'e foet fan 'e op 'e Ulrichsberg lizzende abdij Neresheim.
Geografy Neresheim leit tusken Aalen en Nördlingen yn it hert fan it Härtsfeld, in heechflakte yn it eastlike diel fan 'e Schwäbische Alb. Yn en om Neresheim binne ferskillende boanen fan 'e Egau, dy't nei likernôch 40 km by Dillingen yn 'e Donau mûnet.
Stedsyndieling Njonken de kearnstêd Neresheim bestiet de stêd út noch fiif oare Stadtteile:
Stadtteil Wapen oerflak/km² Ynwenners <small>(31 desimber 2022) Neresheim (kearnstêd) 40px|Wappen von Neresheim 23,87 3.548 Dorfmerkingen 40px|Wappen von Dorfmerkingen 23,45 1.035 Elchingen auf dem Härtsfeld 40px|Wappen von Elchingen 22,56 1.541 Kösingen 40px|Wappen von Kösingen 13,36 544 Ohmenheim 40px|Wappen von Ohmenheim 22,13 1.166 Schweindorf 40px|Wappen von Schweindorf 13,15 262
It besjen wurdich thumb|left|Wisint by Neresheim. Bûten de kearnstêd leit de abdij fan Neresheim mei de troch Balthasar Neuman ûntwurpen barokke kleastertsjerke (1745-1792). By Neresheim leit it natoergebiet Zwing, dat it oarspronklike lânskip fan it Härtsfeld sjen lit. Yn 2022 waarden dêr wisinten yntrodusearre.
Musea Klostermuseum Neresheim Heimatmuseum Die Härtsfeld-Museumsbahn Luftraum Süd
Kategory:Plak yn Baden-Wuertemberch Kategory:Gemeente yn Baden-Wuertemberch