Friesenjung is in nûmer dat oarspronklik opnaam is yn 1993 troch de Eastfryske kabaretier Otto Waalkes. In parody fan Stings "Englishman yn New York", wêryn 't it Fryske libben (mei ferwizing nei East-Fryslân, de streek dêr 't Waalkes wei komt) op humoristyske wize beljochte waard. Ski Aggu út Dútslân en Joost Klein, beiden ynspirearre troch Waalkes syn nûmer, hawwe it as basis brûkt foar harren eigen ynterpretaasje fan Friesenjung. Op 25 maaie 2023 waard dit nûmer útbrocht as single en ferovere fuort de topposysje yn de Dútske en Eastenrykske hitlisten.
Kategory:Muzikaal wurk fan Joost Klein Kategory:Single út 1993 Kategory:Single út 2023 Kategory:Danceliet Kategory:Popliet Kategory:Dútsktalich liet