Beckum is in doarp yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel, yn 'e gemeente Hengelo. It doarp Beckum hat sa'n 1.000 ynwenners (2017).

Beckum leit oan de N739 Hengelo-Haaksbergen.

Skiednis De earste fermelding fan 'e namme Beckum stamt út it jier 1266 doe't Herman van Saterslo, de drost fan Twente, ferklearre dat er it hûs fan Werenbolders yn Bechem mei man, frou en bern foar 160 pûn ferkocht hie oan 'e Johanniter kommanderij yn Steinfurt. Foar it ûntstean fan 'e gemeente Hengelo yn 1811 hearde Beckum ûnder it amt Delden.

Omkriten De omkriten fan Beckum ûnderskiedt har troch in protte pleatsen en greiden. In grut part fan dy pleatsen hearre by it bûten Twickel, dy pleatsen binne te werkennen oan 'e wite lûken mei swarte rânen. In grut diel fan de 70 kilometer lange berchfytsrûte op it lângoed Twickel rint troch Beckum.

Eveneminten Pinksterfeesten Sûnt 1919 organisearret de Stifting Pinksterfeesten Beckum jierliks de Pinksterfeesten, mei as doel om tegearre mei de Beckumske mienskip in feest te organisearjen, wêrfan't de opbringst foar de Beckumske ferienings en ynstellings ornearre is. Foar, op en nei it feest wurkje mear as 600 frijwilligers út it doarp en ferienings fan it doarp mei oan it slagjen fan it evenemint. De datum fan dat feest wurdt alle jierren keppele oan it Pinksterwykein. It feestterrein 't Ossenveeld, dat sûnt it jier 2000 yn gebrûk is, hat in oerflak fan hast trije ha. Tûzenen besikers út de hiele regio komme op it evenemint ôf.

Pinksterderby Beckum Sûnt in pear jier fynt yn Beckum alle jierren de Pinksterderby Beckum plak, in grut autospektakel mei dielnimmers út Nederlân, mar ek út it bûtenlân. Se ride yn in grutte ring en botse tsjin inoar oant de lêste oer is. Der is auto- en lânbousport, muzyk en berne-aktiviteiten.

Kategory:Plak yn Hengelo (Oerisel)