Red Dawn is in Amerikaanske oarlochsfilm út 2012 ûnder rezjy fan Dan Bradley, mei yn 'e haadrollen Chris Hemsworth en Josh Peck. De titel betsjut "Reade Dage" (en ferwiist nei de opkomst fan it kommunisme, dêr't read de kleur fan is). It ferhaal folget de bruorren Jed en Matt Eckert, dy't in fersetsgroep oprjochtsje as Noard-Koreä de Feriene Steaten binnenfalt en harren wenplak yn 'e besette sône komt te lizzen. Red Dawn is in remake fan 'e súksesfolle film mei deselde namme fan John Milius út 1984. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien negative resinsjes en yn 'e bioskopen waard it in flop.

Plot Yn Spokane, yn 'e Amerikaanske steat Washington, is Jed Eckert thús mei ferlof út Irak, dêr't er yn 'e Irakoarloch tsjinnet yn it Amerikaanske Marinierskorps. Mei syn ûnoankundige oankomst komt er syn heit Tom oer it mad, dy't in plysjeman en in widner is. Jed syn jongere broer Matt spilet yn it Amerikaansk fuotbalteam fan syn middelbere skoalle, de Wolverines ("Wargen"). Mar mei syn eigensinnige hâlden en dragen soarget er derfoar, ta argewaasje fan 'e coach, dat it team de wedstryd ferliest. Neitiid wurdt er opmûntere troch syn faam, de tsjeppe cheerleader Erica Martin. Fia Matt en Erica moetet Jed dy jûns Erica har nicht Toni Walsh, dy't fan Matt syn jierren is mar al hiel lang fereale is op Jed. Wannear't se yn in bar oan it drinken binne, falt ynienen de stroom yn 'e hiele stêd út. Jed en Matt en de fammen beslute op hûs oan te gean. Brigadier Tom Eckert wurdt oproppen foar needtsjinst yn ferbân mei de black-out.

De oare moarns betiid wurde Matt en Jed rou wekker makke troch it lûd fan ûntploffings. Wannear't se har nei bûten ta hastigje, sjogge se ta har alteraasje Noardkoreaanske militêre transportfleantugen oerfleanen, dêr't parasjutisten út springe. Jed en Matt springe yn 'e pick-uptruck om harren heit te sykjen. Mei't Tom Eckert krekt ûnderweis nei hûs wie, komme se him al rillegau tsjin. Tom jout syn soannen opdracht om út te piken nei it fakânsjehûs fan 'e Eckerts yn 'e mei wâlden begroeide bergen bûten de stêd. Matt wol earst Erica ophelje, mar sy en har âldelju binne al finzen nommen troch Noardkoreaanske troepen. De beide bruorren witte wol Matt syn freonen Robert Kitner en Daryl Jenkins op te pikken. Se witte mar nauwerneed oan 'e Noarkoreänen te ûntkommen. In pear oare auto's mei jongelju folgje harren nei it fakânsjehûs. Under de ynsittenden binne Greg en Julie Goodyear, in broer en suster út San Diego dy't op besite wiene yn Spokane, en in frjemdling dy't Pete hjit.

Oankommen by it fakânsjehúske rinne de ûnderlinge spannings yn 'e groep heech op wylst se besykje út te finen wat der no eins geande is, sadat se beslisse kinne wat se dwaan moatte. As der in auto oankomt, iepenet Pete it fjoer mei in pistoal dat er yn 'e hûs fûn hat, mei't er derfan oertsjûge is dat it de Noardkoreänen binne. Jed wit him mei hommels geweld te ûntwapenjen foar't der ûngemakken barre. Yn 'e auto blike Toni Walsh en Danny Jackson te sitten, in oare freon fan Matt. De groep jout him úteinlings del om te sliepen, mar de oare moarns is Pete fuort en alle iten dat de groep hie ek. Jed beslút alles fan wearde út 'e hûs te heljen en yn 'e omlizzende bosk te bedobjen om fierdere dieverij foar te kommen.

Dêr is de groep mei dwaande as de Noardkoreänen ûnder lieding fan in kaptein Cho it fakânsjehûs fine. Jed en de oaren slûpe werom nei it hûs en hâlde de fijân fan op ôfstân yn 'e rekken. It docht bliken dat Pete finzen nommen is en de lokaasje fan 'e oaren ferret hat om syn eigen hachje te rêden. De Noardkoreänen hawwe brigadier Eckert en boargemaster Jenkins, de heit fan Daryl, by harren. As bliken docht dat it hûs ferlitten is, jout Cho dy beide mannen om bar in megafoan om harren soannen op te roppen om har oer te jaan. Jenkins docht wat fan him ferwachte wurdt, mar Eckert ropt syn soannen ynstee op om 'e striid nea op te jaan en safolle mooglik Noardkoreänen te deadzjen. Dêrop wurdt er troch Cho stânrjochtlik eksekutearre foar de eagen fan Jed en Matt.

Letter kundiget Jed oan dat er fan doel is om yn ferset tsjin 'e Noardkoreaanske besetters te gean. De oaren beslute har by him te jaan. Se neame harren fersetsgroep de Wolverines, nei it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e middelbere skoalle fan Matt, Robert, Daryl en Danny. Se bemachtigje wapenreau (net dreech yn 'e fjoerwapengekke Feriene Steaten) en fêstigje har basis yn in ferlitten myn. Jed, de iennichste dy't militêre ûnderfining hat, traint de oaren en stelt plannen op foar in guerrilja-oarloch. Mei't er yn Irak diel útmakke fan in Amerikaanske besettingsmacht dy't mei persiis itselde soarte fersetsgroepen te krijen hie, wit er krekt hoe't er de Noardkoreänen treffe moat. De Wolverines sette útein mei in rige mûklagen en bomoanslaggen tsjin 'e besetters en Amerikaanske kollaborateurs (ûnder wa Pete, dy't omkomt by ien fan 'e bomoanslaggen). De Noardkoreänen freegje en krije de help fan Russyske Spetznaz-kommando's, dy't spesjalisearre binne yn anty-guerriljataktiken.

Underwilens wurdt Erica fêstholden yn in swierbefeilige ynternearringskamp, dêr't de Noardkoreänen de finzenen besykje te harsenspielen. Dêr is se foar Matt ûnberikber, mar hy kin har mar net ferjitte. Jed beävensearret ien fan 'e riskantste operaasjes oant dan ta troch bommen te pleatsen ûnder in poadium dêr't in taspraak holden wurde sil troch kaptein Cho, dy't oansteld is ta de Noardkoreaanske prefekt fan Spokane. Wylst de Wolverines op ôfstân mar binnen it sicht fan poadium ôfwachtsje oant it juste stuit om 'e bommen ôfgean te litten, sjocht Matt in skoalbus mei finzenen foarbykommen, dêr't er Erica yn sitten sjocht. Dêrop wykt er folslein fan it plan ôf en lit de bommen foartidich ôfgean by wize fan ôfliedingsmaneuver foar syn eigen wraam op 'e skoalbus om Erica te befrijen. Hy slagget yn syn opset, mar Greg Goodyear wurdt troch de Noardkoreänen deasketten en de oare Wolverines witte mar nauwerneed oan 'e Noardkoreänen te ûntkommen. Dat liedt neitiid ta heechoprinnende rûzje mei Jed, dy't poerrazen is oer it ûnferantwurdlike hâlden en dragen fan syn jongere broer.

De Noardkoreänen bombardearje de myn wêryn't de Wolverines harren basis fêstige hawwe. Dêrby komme Danny en Julie om. Jed en Matt flechtsje mei de oare oerlibbenen fan 'e groep djipper de wâlden yn. Dêr treffe se in trio Amerikaanske mariniers, oanfierd troch sersjant-majoar Andrew Tanner, in ôfswaaide sersjant-ynstrukteur fan 'e troch de fijân ferneatige Mariniersbasis Pendleton yn Súdlik Kalifornje, dy't weromkeart is yn aktive tsjinst. Tanner en syn maten, Hodges en Smith, wiene op 'e siik nei de Wolverines om't se ferlet hawwe fan harren kennis fan 'e pleatslike sitewaasje. Se fertelle dat Noard-Koreä en Ruslân de Feriene Steaten binnenfallen binne nei't se in EMP-wapen ôfgean litten hawwe dat mei grutte elektromagnetyske puls alle Amerikaanske technology ferneatige hat. De Russen hawwe de hiele Atlantyske kust beset en de Noardkoreanen de Pasifyske kust. Mar tusken de Rocky Mountains en de Appalachen yn is it lân noch frij. De Noardkoreänen hawwe technology dy't net oantaast is troch de EMP-puls, en beskikke dêrtroch oer telekommunikaasje fia mysterieuze kofferkes dy't pleatslike prefekten altyd by har hawwe. Tanner-en-dy hawwe de opdracht om it kofferke fan kaptein Cho te bemachtigjen, sadat de Amerikanen dy technology duplisearje kinne en teffens de fijân ôfharkje kinne.

De Wolverines dogge mei sersjant-majoar Tanner en syn mannen in wraam op it haadplysjeburo fan Spokane, dêr't Cho syn haadkertier fêsige hat. It slagget harren om it kofferke fan Cho te bemachtigjen, mar sersjant Hodges komt by de operaasje om. Jed weeft yn in man-tsjin-mangefjocht foargoed mei Cho ôf en wreket sa syn heit. Daryl wurdt grypt troch in pear Spetznaz, mar wit him mei lichte ferwûnings oan harren te ûntwrakseljen. As se har letter op in ûnderdûkadres yn 'e stêd weromlutsen hawwe, sprekt Jed foar it earst syn wurdearring út foar Matt. It liket no einlings wat wurde te sillen tusken Toni en Jed, dy't al in hiel skoft wifkje oer it oangean fan in relaasje, mar krekt foar't er him by Toni jaan kin, wurdt Jed troch in rút hinne troch de holle sketten troch in Russyske slûpskutter. Hy is op slach dea. De oaren witte libben te ûntkommen, al binne Matt en Toni stikken fan fertriet.

De oerlibbene leden fan 'e groep flechtsje mei in stellen auto de wâlden yn, wylst se besykje te efterheljen hoe't de fijân witte koe wêr't se har befûnen. It is Robert dy't op in stuit foar it ferstân kriget dat de Spetznaz mei wa't Daryl by it haadplysjeburo wraksele, by him in ûnderhûdsk stjoerderke ynbrocht hawwe, wêrmei't se syn lokaasje gewaarwurde kinne. Mei't se gjin ark hawwe om Daryl fan it stjoerderke te ûntdwaan, witte de Wolverines net wat se no moatte. Daryl beslút om himsels op te offerjen troch de fijân by de oaren wei te lokjen. Hy set lykme-allinne geandefoets de wâlden yn, wylst de oaren fuortride yn 'e auto. Matt, Robert, Erica en Toni bringe Tanner en Smith nei harren ekstraksjepunt, dêr't se ophelle wurde yn in helikopter en ôfsette mei it kofferke fan Cho. Tanner bied oan om 'e fjouwer jongelju mei te nimmen nei 'Frij Amearika', mar dat oanbod slane de Wolverines ôf.

Ynstee sette se útein mei it rekrutearjen fan nije leden foar de Wolverines. Matt hat no de lieding, en hy brûkt krekt deselde wurden dy't Jed earder ek brûkte om Matt en syn freonen oer te heljen yn it ferset te gean. De film einiget wannear't de Wolverines mei nij, swierder wapenreau in oanfal útfiere op it Noardkoreaanske ynternearringskamp by Spokane, dêr't se alle finzenen útbrekke.

Rolferdieling

haadrollen personaazje                   akteur/aktrise Jed Eckert Chris Hemsworth Matt Eckert Josh Peck

byrollen personaazje akteur/aktrise Toni Walsh Adrianne Palicki Isabel Lucas Erica Martin Robert Kitner Josh Hutcherson Daryl Jenkins Connor Cruise Julie Goodyear Alyssa Diaz kaptein Cho Will Yun Lee Greg Goodyear Julian Alcaraz sersjant-majoar Andrew Tanner Jeffrey Dean Morgan sersjant Hodges Matt Gerald korporaal Smith Kenneth Choi Tom Eckert Brett Cullen boargemaster Jenkins Michael Beach Pete Steve Lenz Danny Edwin Hodge

Produksje en distribúsje Produksje De produksje fan in remake fan 'e Amerikaanske oarlochsfilm Red Dawn út 1984, fan regisseur John Milius, waard yn maaie 2008 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes oankundige troch Harry E. Sloan en Mary Parent fan filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Op dat stuit ferkearde de film al yn 'e iere stadia fan 'e preproduksjefaze. Carl Ellsworth en Jeremy Passmore waarden yn 'e earm nommen om it senario te skriuwen en Dan Bradley makke mei it nije Red Dawn syn debút as regisseur. As produsinten wiene Beau Flynn en Tripp Vinson by it projekt belutsen foar MGM en de filmproduksjemaatskippij Contrafilm. Foar Red Dawn wie in budget beskikber fan $65 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mitchell Amundsen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ramin Djawadi.

Opnamen De opnamen foar Red Dawn setten yn septimber 2009 útein. Der waard benammen filme yn Mount Clemens, yn Michigan. De iepeningssênes mei de Amerikaansk-fuotbalwedstryd en ferskate oare sênes waarden opnommen yn 'e sletten Notre Dame High School yn Harper Woods (Michigan), in foarstêd fan Detroit. De kantine fan 'e skoalle die tsjinst foar de catering fan cast en crew.

Utstel en feroarings