Bubenheim is in wyndoarp yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Bubenheim is mei de stêd Gau-Algesheim ien fan 'e sân Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Gau-Algesheim.
Geografy Bubenheim leit yn it beskerme lânskip fan 'e delling fan 'e Selz mei de natoergebieten Talberg, Flößrich/Gänsklauer en Binger Wiese. By it doarp hearre ek de buorskippen Bubenheimer Mühle, Haus Ludwig, Lindenhof en pear pleatsen bûten it doarp.
Skiednis Bubenheim wurdt foar it earst yn 766 as 'Bubinheim' (hiem fan Buobo) neamd. Eartiids hie Bubenheim de status fan Ryksdoarp; it doarp hie muorren en twa poarten.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts