De Selz is in 61 km lange, súdlike en lofter sydrivier fan 'e Ryn en ien fan 'e belangrykste rivieren fan Rynhessen.

De boarne fan 'e Selz leit op 319 m hichte by Orbis oan 'e noardlike râne fan 'e Donnersbergkreis yn 'e Palts. De rivier streamt oer de grins fan 'e Palts nei Rynhessen en nei likernôch 8 km rint de rivier foar in diel ûnder Alzey troch. De Selz giet dêrnei by Gau-Odernheim, Nieder-Olm en Ingelheim lâns en mûnet lang om let yn 'e Ryn út by Frei-Weinheim (in wyk fan Ingelheim).

Tusken 1958 en 1963 waard de Selz rjochtlutsen en tusken diken ôfwettere. Dêrtroch waard ek it risiko op oerstreamings folle grutter. De lokale natoerferiening Seltztalverband hat sûnt de jierren 1990 de rivier tusken Hahnheim, Undenheim en Sörgenloch in natuerlike rin werom jûn. Dêrmei waarden de uterwaarden en biodiversiteit ferbettere.

By de rivier lâns rint in fyts- en kuierpaad.

Plakken thumb|left|Boarne. De Selz streamt lâns of troch de folgjende plakken:

Orbis Morschheim Mauchenheim Alzey Alzey-Schafhausen Framersheim Gau-Köngernheim Gau-Odernheim Bechtolsheim Undenheim Friesenheim Köngernheim Selzen Hahnheim Sörgenloch Nieder-Olm Stadecken-Elsheim Bubenheim Schwabenheim an der Selz Großwinternheim Ingelheim am Rhein

Ofbylden

Kategory:Rivier yn Rynlân-Palts