Niederwallmenach is in Ortsgemeinde yn 'e Rhein-Lahn-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Nastätten, wêrfan't Nastätten it haadplak is.
Geografy Niederwallmenach leit yn 'e Taunus op in pear kilometer fan 'e Loreley. By de gemeente hearre ek de delsettings Altkautenmühle en Neukautenmühle. Oanbuorjende gemeenten binne Bogel, Bornich, Lautert, Oberwallmenach, Reitzenhain en Rettershain.
It besjen wurdich Njonken de protestantske tsjerke út 1717–1719 mei in autentike ynrjochting en in oargel fan E.F. Walcker & Cie. út Ludwigsburg, telt it doarp ferskillende 17e- en 18e-iuwske fakwurkhûzen.
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts