Hoonhorst (Nedersaksysk: Hoonhörst) is in doarp yn de gemeente Dalfsen, provinsje Oerisel. It doarp Hoonhorst hat 750 ynwenners (2023).

Skiednis It doarp is ûntstien yn de iuwen nei de reformaasje doe't it katolike leauwe ûnderdrukt waard. De tsjerke is, lykas de Grutte tsjerke yn Dalfsen, wijd oan de hillige Cyriacus. Hoonhorst is in katolyk doarp, dêr't it diel mei útmakket fan in katolike enklave dêr't ûnder oare ek Lemelerveld, Raalte, Vilsteren en Wijthmen by hearre. Dizze enklave yn it hert fan Sallân wurdt omjûn troch gebiet mei in benammen protestantsk karakter.

Lizzing Hoonhorst leit súdwestlik fan Dalfsen, súdlik fan Hoonhorst leit it doarp Heino, en bewesten fan Hoonhorst leit Wijthmen.

Kategory:Plak yn Dalfsen