Stasjon Holten (Hon) is in spoarweistasjon yn it doarp Holten yn de gemeente Rijssen-Holten yn de provinsje Oerisel. It waard iepene yn 1888 oan it spoar fan Dimter nei Almelo. Yn 1938 waard it stasjon sletten, mar yn 1940 waard it stasjon op 1 juny weriepene.
Gebou It stasjonsgebou fan Holten is in Standerttype KNLS 2e klasse, boud yn de jierren tachtich fan de 19e iuw, en fiif fan de fjouwer stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. in langrekt gebou fan oardel ferdjipping. Yn it gebou binne in wenning en inkelde lokalen foar de stasjonstsjinst oanwêzich. Om 1920 hinne is it stasjonsgebou mei in heale ferdjipping ferhege. Boppedat krije beide siden in lege oanbou. Oan 'e linkerkant komt in frachtloads mei puntdak. De rjochter oanbou hat in plat dak en is as wenromte bedoeld.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 7000 Sprinter (NS) Apeldoarn – Dimter – Holten – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst
Holten Kategory:Bouwurk yn Rijssen-Holten Kategory:Bouwurk út 1886