De wite ibis (Eudocimus albus) is in fûgelsoarte út de famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae), dy't yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika libbet. De populaasjes fan 'e wite en de besibbe reade ibis oerlaapje inoar yn it easten fan Fenezuëla en kruse dêr ek meiïnoar. Guon ornitologen lykas James Hancock en Jim Kushlan beskôgje de beide soarten as ien inkele soarte.
Beskriuwing thumb|left|Lykas de reade ibis hat ek de wite ibis swarte einen op 'e haadslachpinnen. De folwoeksen fûgels ha in wyt fearrekleed mei in read gesicht en in reade snaffel. Lykas de besibbe reade ibis hat de wite ibis op 'e bûtenste haadslachpinnen swarte einen. De lange kromme snaffel is read en syn poaten binne ek read. De iris fan 'e fûgel is ljochtblau.
Jonge wite ibissen binne brún en hawwe in wite búk. Juvenilen fan 'e wite en de reade ibis binne min fan inoar te ûnderskieden. Somtiden binne de poaten fan 'e reade ibis donkerder.
Fersprieding De wite ibis komt it meast foar yn Florida, dêr't yn ien koloanje wol 30.000 fûgels teld binne. Fierder komt de fûgel yn it hiele Karibyske gebiet, oan de east en westkust fan Meksiko en Midden-Amearika en fierder súdlik oan 'e kust fan Kolombia en Fenezuëla foar. Bûten de briedtiid is de fûgel ek fierder fan 'e kust mear it lân yn te sjen. De wite ibis swalket dan om en wurdt ek fier bûten it wenstige ferspriedingsgebiet yn lytse groepen sjoen.
Gedrach Wite ibissen ite fral lytse wetterdierkes, lykas ynsekten of lytse fiskjes. Yn in grut diel fan syn fesprieding yt de fûgel it leafst rivierkreeften, mar hy kin syn iten oanpasse oan dat wêr't it meast fan is. Mei de lange snaffel giet er yn it wetter op 'e taast nei proaien sûnder se te sjen.
Pearkes binne yn 'e regel monogaam en beide âlders soargje foar de kroast.
Status Neffens Birdlife International wurdt de populaasje fan 'e fûgel op 210.000 oant 360.000 folwoeksen fûgels rûsd (2020) en yn Noard-Amearika nimt it oantal ta. Dêrfandinne stiet de wite ibis op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swartwjukibis Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen