Stasjon Rijssen (Rsn) is in spoarweistasjon yn de stêd Rijssen yn de gemeente Rijssen-Holten yn de provinsje Oerisel. It waard iepene yn 1888 oan it spoar fan Dimter nei Almelo.
Gebou It stasjonsgebou fan Rijssen is in Standerttype KNLS 1e klasse, boud yn de jierren tachtich fan de 19e iuw, en fiif fan de seis stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. In gebou mei in heech middenpart en twa koarte fleugels fan oardel ferdjipping heech. Opfallend is dat sawol de foar- as achtergevel identyk binne. De sydfleugels fan it stasjonsgebou binne yn 1912 ferhege wêrtroch't se like heech binne as it middenpart. De lofterfleugel is dêrby ferlein en foarsjoen fan in lytse oanbou foar in frachtromte en útwreiding fan de wachtkeamer.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 7000 Sprinter (NS) Apeldoarn – Dimter – Holten – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst
Rijssen Kategory:Bouwurk yn Rijssen-Holten Kategory:Bouwurk út 1886