De Seimunds pappegaaido (Treron seimundi) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Beskriuwing De Seimunds pappegaaido is in relatyf donkergriene do mei donkergriene wjukken en in lange, pylkeftige sturt. Doffers en wyfkes hawwe in wite flek op 'e búk en in limoengiel by de anaalstreek en op 'e ûndersturtdekfearren.

De soarte liket op 'e pylksturtpappegaaido, mar dy is folle ljochter fan kleur en hat giel-oranje op it boarst.

Fersprieding en systematyk Seimunds pappegaaidowen komme op it fêstêlân fan Súdeast-Aazje foar en binne yn twa ûndersoarten te ferdielen:

Treron seimundi modestus: Laos en Fjetnam. Treron seimundi seimundi: lokaal yn Tailân en Maleizje.

Status Alhoewol't ûnbekend is hoe grut de populaasje likernôch is, wurdt der fan út gien dat de soarte troch de ferneatiging fan biotoop efterút giet. Fanwegen it grutte ferspriedingsgebiet fan 'e do wurdt de soarte troch IUCN lykwols as 'net bedrige' klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pappegaaido Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân