Stasjon Mariënberg (Mrb) is in spoarweistasjon yn it doarp Mariënberg yn de gemeente Hardenberg yn de provinsje Oerisel. It waard iepene yn 1893 oan it Spoar fan Swol nei Stêdskanaal, yn 1906 kaam dêr ek noch it spoar nei Almelo by.

Gebou It stasjonsgebou fan Mariënberg is in Standerttype NOLS 2e klasse, boud oan it begjin fan de 20ste iuw, en ien fan de tolve stasjons dy't ea fan dit type boud waard. It is in heech stasjonsgebou mei oan de strjitkant trije ferspringende geveldielen fan ferskillende breedtes, ûntwurpen troch arsjitekt Eduard Cuypers. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegenheid.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRE 203800Flugge trein (Arriva)Swol – Mariënberg – Emmen 1x it oereRS 208000Stoptrein (Arriva)Swol – Mariënberg – Emmen 1x it oereRS 2131000Stoptrein (Arriva)Almelo – Mariënberg – Hardenberg 1x it oere

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Mariënberg Kategory:Bouwurk yn Hardenberg (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1905