Stasjon Almelo (Aml) is in spoarweistasjon yn Almelo en waard iepene yn 1865 oan it spoar fan Almelo nei Salzbergen. Yn dizze stêd yn Oerisel is yn 1962 it tredde stasjonsgebou sûnt 1865 iepene.

Gebou It earste stasjonsgebou kaam yn 1865 ree, in rykfersierd fakwurkgebou mei in heech middendiel en twa lege sydfleugels. Oan de rjochterkant is in oanbou mei tsjinstromten, ôfsletten troch in pagoade-eftich toiletgebouke.

Yn 1882 waard it earste stasjonsgebou alwer sloopt en ferfongen troch in grutter gebou. It gebou hat in heech middendiel mei oan ien kant in tuorke mei treppehûs. Oan dizze kant is ek in koarte lege sydfleugel.

It twadde stasjonsgebou waard yn 1962 ôfbrútsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast, benoarden it âlde gebou. Troch de oanwêzichheid fan de ferskate foarsjenningen op it perron krige it gebou allinnich in loket en in bagaazje- en frachtromte. It gehiel is bekape mei in opfallende luifel dy't ek oer in part fan it stasjonsplein boud is. Lâns de spoarline kaam in glêzen wand mei foarsjennings foar it busstasjon. De luifel likegoed as de kap fan de sydmuorre wurde stipe troch karakteristike V-foarmige kolommen. It gebou hat in 25 meter hege klokketoer. De fuotgongersbrêge waard by de bou fan it nije stasjonsgebou ferfongen troch in tunnel.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 1600 Intercity (NS) Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst 1700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Gouda – Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinst 7000 Sprinter (NS) Apeldoarn – Dimter – Almelo – Hengelo – Ynskedee In healoeretsjinstRS 237900Sprinter (Keolis)Swol – Almelo – Hengelo – YnskedeeIC 2317900Intercity (Keolis)Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedeeallinne op wurkdagen oerdeis en 1x yn 'e oere.RS 2131000Stoptrein (Arriva)Almelo – Mariënberg – Hardenberg 1x it oere

Almelo Kategory:Bouwurk yn Almelo Kategory:Bouwurk út 1865 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1882 Kategory:Bouwurk út 1882 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1962 Kategory:Bouwurk út 1962