Den Ham (Nedersaksysk: 'n Ham) is in doarp yn de gemeente Twinterâne, provinsje Oerisel en makket diel út fan de regio Twinte. Den Ham hie yn 2023, 5.925 ynwenners.
Den Ham is in soad brûkte útfalsbasis om Twinte ferkennen. Nearne oars yn Nederlân is it oarspronklik kûlisselânskip fan ikkers, greiden, houtwâlen, bosk en heide sa goed bewarre bleaun. Tusken Den Ham en Ommen leit natuergebiet it "Eerder Achterbroek". Yn dit natuergebiet is ek "Lângoed Eerde" mei kastiel Eerde situearre.
Oant 2001 foarme Den Ham in selsstannige gemeente. De eardere gemeente Den Ham waard gearfoege mei de eardere gemeente Vriezenveen, ta de gemeente Twinterâne.
Kategory:Plak yn Twinterâne