Hellendoorn (Nedersaksysk: Heldern) is in doarp yn de Nederlânske provinsje Oerisel, lizzend op de Sallânske Heuvelrêch yn de gemeente Hellendoorn. It doarp hat 6.500 ynwenners (2023).

Skiednis Hellendoorn wurdt it earst neamd yn 1275. It doarp wurdt yn âlde biskoplike rekkens neamd, wêrby't de pastoar in bydrage docht oan de krústochten.

Yn 1944 pleatste Nazy-Dútslân ûnder oare oan de Eelerbergweg by Hellendoorn in V2-raket-ynstallaasje. It al befrijde Antwerpen wie doelwyt foar dit ferneatigingswapen. Op 16 novimber 1944 fûn de earste lansearring fan de Eelerberch ôf troch de SS-Werfer-Abteilung 500 fan in raket rjochting Antwerpen plak. Dizze stoarte lykwols daalks nei de start del tichtby it Folkssanatoarium foar tuberkuloazepasjinten.

Lizzing Hellendoorn leit yn de provinsje Oerisel eastlik fan de Hellendoarnske Berch in 40 meter hege heuvel, dy't diel útmakket fan de driuwwâl Sallânske Heuvelrêch. Súdlik fan Hellendoorn leit it doarp Nijverdal.

Ekonomy Hellendoorn is bekend wurden troch de oanwêzichheid fan it Avonturenpark Hellendoorn. Fierder is der yn it doarp in iisfabryk, dy 't oant 1996 it iismerk Caraco makke. It bedriuw waard yn 1985 oernaam troch Unilever en produsearre earst it merk Ola en tsjintwurdich it merk Ben & Jerry's. Gerrit Valk's Bakkerij- en IJsmuseum yn de Dorpstraat toant in kolleksje ark, foarwerpen en masines út eardere bakkerijen en út it begjin fan de iisberêding. Yn Hellendoorn stean twa nôtmûnen: Molen De Hoop oan de Ninaberlaan en Molen De Wippe oan de Ommerweg. It jierlikse muzykfestival Dauwpop wurd op it terrein njonken it atraksjepark hâlden.

Kategory:Plak yn Hellendoorn