De Turkske toartel (Streptopelia decaocto) is in algemiene dowesoarte, dy't yn it grutste part fan Europa en yn dielen fan Aazje foarkomt. De do is yn 'e Nije Wrâld yntrodusearre.
Beskriuwing thumb|left|Fjochtsjende Turkske toartels. De fûgel hat in ljocht bêzje-griis fearrekleed en in swart-wite bân yn 'e nekke en in swarte iris. De snaffel is relatyf koart en de poaten ha in leverkleur. Yn 'e flecht falle de ljochte wjukken en bûtenste sturtfearren op. De sturt is fan ûnder foar de helte wyt. It fearrekleed is by beide geslachten itselde. De fûgel is 31 oant 34 sm lang en weecht 150 oant 250 gram. Turkske toartels wurde likernôch 15 jier âld.
Iten It iten fan 'e Turkske toartel bestiet út sied, rûpen, krobben en lytse fruchten.
Fersprieding Sûnt 1900 hat de Turkske toartel op eigen krêft fanút de Balkan West-Europa kolonisearre. It earste registrearre briedgefal yn Nederlân wie yn 1950 by Oldebroek. De fûgel mei graach yn 'e buert fan minsken wêze en is in echte kultuerfolger en komt ek in soad yn tunen en parken foar. Foar it tiidrek 2018-2020 wurdt de briedpopulaasje op 53.000 oant 68.000 pearkes rûsd. Winterdeis binne der tusken de 100.000 en 200.000 Turkske toartels.SOVON, oproppen 12 april 2024.
Yn 'e Feriene Steaten is de Turkske toartel yn 'e steat Florida yntrodusearre. Fan dêr wei binne se nei oare dielen yn Noard-Amearika migrearre.
Nêst thumb|left|11 dagen âlde jonge Turkske toartels yn it nêst. De fûgel briedt vaker yn 't jier en kin sels winterdeis noch ta brieden komme. Mei't de Turkske toartel wol fiif kear yn 't jier briede kin is de fûgel yn steat om syn ferspriedingsgebiet jimmeroan fierder út te wreidzjen. Ek jonge fûgels kinne yn in pear moanne tiid al wer meidwaan oan 'e fuortplanting. Der besteane net in soad fûgels, dy't har sa gau fermannichfâldigje kinne.
It nêst is ienfâldich en bestiet út in pear losse takjes, dy't yn inoar stutsen wurde. Yn dat nêst wurde twa aaien lein, dy't nei 14 oant 18 dagen útkomme. Nei 15 oant 19 dagen kinne de jongen útfleane. De jongen wurde troch de âlders goed beskerme mei 't ien fan 'e âlders der lang op sitten bliuwe. Jonge fûgels hawwe yn 'e nekke noch gjin swart bân. As de jongen útfleane rêde se harren al gau sels. In wike letter begjinne de âlders wer op 'e nei te brieden.
Status De wrâldpopulaasje fan 'e Turkske toartel wurdt op 40.000.000-75.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. De soarte wurdt op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige beskôge.Birdlife, oproppen 12 april 2024.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Toarteldo Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn de Azoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Eksoat yn Alaska Kategory:Eksoat yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Eksoat yn Anguilla Kategory:Eksoat yn Antigûa en Barbûda Kategory:Eksoat yn de Bahama's Kategory:Eksoat yn Barbados Kategory:Eksoat yn Belize Kategory:Eksoat yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Eksoat yn Dominika Kategory:Eksoat yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Eksoat yn Grenada Kategory:Eksoat yn Gûadelûp Kategory:Eksoat yn Gûatemala Kategory:Eksoat yn Hondoeras Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Kuba Kategory:Eksoat yn Martinyk Kategory:Eksoat yn Meksiko Kategory:Eksoat yn Montserrat Kategory:Eksoat yn Porto Riko Kategory:Eksoat yn Saba Kategory:Eksoat yn Sint-Bartelemy Kategory:Eksoat yn Sint-Eustasius Kategory:Eksoat yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Eksoat yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Eksoat yn Sint-Lusia Kategory:Eksoat yn Sint-Marten Kategory:Eksoat yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Eksoat yn Japan