De palmtoartel (Spilopelia senegalensis, Syn.: Streptopelia senegalensis) of Senegaltoartel is in relatyf lytse dowesoarte út Afrika, it Midden-Easten en Súdeast-Aazje. De soarte is yn West-Austraalje ynboargere en yn Europa komme somtiden ûntsnapte eksimplaren foar. De palmtoartel is gefoelich foar kjeld en dêrom net echt geskikt foar it klimaat yn ús streken.
De do komt yn it natuerlike ferspriedingsgebiet in soad foar en is ek te sjen yn stêden en doarpen. De fûgel wurdt net bedrige en wit syn gebiet út te wreidzjen.
Beskriuwing thumb|left|Spantsje palmtoartels. De palmtoartel is 26 oant 28 sm lang en weecht tusken de 100 en 120 gram. Dêrmei is de palmtoartel wat lytser as de gniisdo, dy't in koartere sturt en langere wjukken hat. Tusken mantsjes en wyfkes besteane gjin grutte ferskillen. Wyfkes binne op 'e rêch en mantel allinne wat minder sprekkend fan kleur.
De rêch, wjukken en sturt binne readbrún mei blaugriis yn 'e wjukken. De kop en it ûnderbealchje binne readeftich, en de hals is donker spikkele.
De búk is ljochter as de fearren fan it boppebealchje. De fearren fan 'e sturt binne griisbrún, wylst de bûtenste sturtfearren oan 'e basis donker griis-swart binne en de einen fan 'e sturtfearren wyt. De fûgel hat in swarte snaffel, dy't yn ferhâlding ta de kop lang en smel is. De iris is donkerbrún en de poatsjes binne readeftich. Juvenilen binne byinoar nommen wat mear read kleure.
Fersprieding thumb|250px|Ynboargere palmtoartel yn Austraalje. De soarte libbet op in grut part fan it Afrikaanske kontinint. Oer it Midden-Easten giet de fersprieding fan 'e palmtoartel fierder nei Ynje en Tailân, Sintraal-Aazje oant yn it noardwest fan Sina. Yntusken is de soarte yn in rige fan lannen ynboargere, lykas West-Austraalje en Turkije.
De palmtoartel komt benammen foar op toarre savanne's mei stikelboskjes. Se binne ek te finen yn biotopen dy't troch minsken foarme binne. De soarte is regelmjittich te sjen yn oaze's, parken en tunen of op ikkers. Yn stêden as Istanbul en Damaskus komme se foar en dêr binne se aardich nuet woarn.
Undersoarten Der binne fiif ûndersoarten bekend.IOC World Bird List Old Pigeons
Spilopelia senegalensis phoenicophila (Hartert, 1916)Ernst Hartert (1916), side 82. komt fan Marokko oant yn it noardwest fan Lybje foar. Spilopelia senegalensis aegyptiaca (Latham, 1790)John Latham (1790), side 607. libbet yn 'e delte fan 'e Nyl yn Egypte. Spilopelia senegalensis senegalensis (Linnaeus, 1766)Carl von Linné (1766), side 283. komt yn it west fan it Arabyske skiereilân, op Sokotra en yn Afrika, súd fan 'e Sahara, foar. Spilopelia senegalensis cambayensis (Gmelin, 1789)Johann Friedrich Gmelin (1789), side 779. libben eastlik op it Arabyske skiereilân en eastlik Iran oant Ynje en Bangladesj. Spilopelia senegalensis ermanni (Bonaparte, 1856)Charles Lucien Jules Laurent Bonaparte (1856), side 942. komt yn Kazachstan, noardlik Afganistan en it west fan Sina foar.
Der binne mear ûndersoarten beskreaun, mar der is noch gjin konsensus oer de erkenning. Dêrûnder falle de:
Spilopelia senegalensis op it eilân Sokrota. Spilopelia senegalensis yn 'e Dakhla oase (Egypte). Spilopelia senegalensis thome op Sao Tomee.
Gedrach thumb|left|Pearke mei jong. De palmtoartel is meast in stânfûgel. Der wurdt lykwols ornearre dat der Afrikaanske populaasjes binne dy't mei de reintiid migrearje. Súdafrikaanske palmtoartels trekke yn maart oant april nei it westen en komme yn augustus oant septimber yn 'e eastlike kustkrite werom.
It iten fan 'e palmtoartel bestiet út nôt, sied, planten en lytse ynsekten. Se mei graach gierst, weet en mais en skarrelje graach op 'e grûn om, dêr't se yn gêrs- of kultuerlân om iten sykje. Foar wetter fleane de dowen wol oant 70 km deis.
It nêst wurdt yn 'e regel yn in beam of strûk boud en bestiet mar út in pear twiichjes. Se brûke lykwols ek wol gebouwen om harren nêst te bouwen. De twa wite aaien kommen nei 12-14 dagen út.
Sierfûgel thumb|left|Súdafrikaanske palmtoartels yn it Mapungubwe National Park, Limpopo. De palmtoartel is in populêre sierfûgel. Al sûnt 1861 hold de dieretún fan Londen palmtoartels. De fûgel stelt gjin grutte easken en der wurdt oannommen dat de earste tylt al gau nei de earste ymport slagge. Yn finzenskip kinne de fûgels by optimale omstannichheden en geskikt iten wol seis lechsels produsearje. As sierfûgel binne der ferskillende kleurfariaasjes ûntstien. Sa waarden yn 'e DDR al sûnt 1962 albino's fokt, dy't lykwols tige fetber foar syktes wiene. Ek Súdafrikaanske hâlders fan palmtoartels hawwe wite en flekte palmtoartels fokt.
Status De fûgel wurdt net bedrige en de populaasje wurdt op 2.400.000-8.200.000 folwoeksen fûgels rûsd.Birdlife, oproppen 13 april 2024.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Spikkeldo Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn Spanje