De Holder wie in bernetydskrift dat tusken 1992-1998 útjûn waard troch it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding.
It blêd wie bedoeld foar learlingen fan it basisûnderwiis. Foar it fuortset ûnderwiis wie der it magazine Sjedêrrr!!! Sûnt 1994 wurke De Holder gear mei Frysk & Frij en de jongereinblêden 'Sjedêrrr!!!' en 'Skytmerakels'.Ljouwerter Krante, 25 novimber 1993 Meiwurkers oan De Holder wiene ûnder oare Jaap Wolthuizen, Willem Tjerkstra en de Boalserter skriuwster Giny Bastiaans. Webside TresoarWebside Tresoar De útjefte waard subsidearre troch de provinsje Fryslân mei f 25.000 jiers.Ljouwerter Krante, 15 novimber 1993
De Holder ferwiisde mei syn titel nei it ynsekt holder (Nederlânsk: hommel) dat symboal stie foar befruchting en krúsbestowing.In de vaart der volkeren, DBNL,
Kategory:Frysk bernetydskrift Kategory:Frysktalich tydskrift Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1992 Kategory:Krante of tydskrift opheft yn 1998