The Adjustment Bureau is in Amerikaanske romantyske science fiction-film út 2011 ûnder rezjy fan George Nolfi, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Emily Blunt. De titel betsjut "It Oanpassingsburo". It ferhaal folget de opkommende Amerikaanske politikus David Norris, dy't ûntdekt dat wat yn it bestean fan alle minsken tafal en de útoefening fan frije wil liket, eins berêst op 'e manipulaasje fan in groep boppenatuerlike wêzens. Dyselden neame harsels "it Oanpassingsburo", om't se de libbens fan 'e minsken oanpasse oan harren "plan". Nei't Norris troch wier tafal yn 'e kunde komt mei de frou fan syn dreamen, dy't er neffens it plan nea moetsje meien hie, begjint er te wrakseljen tsjin 'e bemuoisucht fan it Oanpassingsburo, ek al wurdt him it presidintskip fan 'e Feriene Steaten yn it foarútsjoch stelt as er him derûnder deljout. The Adjustment Bureau krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positivie resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Plot David Norris, in lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen út Brooklyn, stelt him ferkiesber foar in sit yn 'e Amerikaanske Senaat. Yn 't earstoan liket er goede kânsen te meitsjen, mar dan geane de media oan 'e haal mei âlde foto's fan Norris dy't op in reüny mei stúdzjegenoaten syn broek sakje lit om syn maten by wize fan gekoanstekkerij syn bleate kont sjen te litten. Dat berjocht yn kombinaasje mei it âlde, al langer bekende ferhaal fan Norris dy't op 'e jûns fan syn ferkiezing yn it Hûs fan Offurdigen belutsen rekke by slaanderij yn in kafee, makket dat it elektoraat him as gefaarlik ympulsyf sjocht. Fan gefolgen ferliest er de ferkiezings.
Dat is al in rare ôfdijer foar Norris. Yn it konvinsjesintrum dêr't syn kampanjeteam de ferkiezingsjûn útsit, lûkt er him werom yn 'e waskromte by de heare-wc's om 'e taspraak te oefenjen dy't er hâlde moat om syn ferlies ta te jaan en syn tsjinstanner te lokwinskjen. Norris treft dêr in oantreklike jonge frou dy't seit dat se har op 'e heare-wc's ferskûlet foar de befeiliging. Se hat nammentlik in brulloft partycrasht dy't yn in oare seal yn it konvinsjesintrum holden wurdt. Nei't se dêrta útdage wie. Troch harsels. Norris fynt dat in prachtich ferhaal en rekket mei har oan 'e praat. It klikt oerdúdlik tusken harren. Se hawwe it oan tiid om ien hertstochtlike tút út te wikseljen, foar't Norris troch syn freon en kampanjelieder Charlie Traynor ophelle wurdt en de frou wer útnaaie moat foar de befeiligingslju. Ynspirearre troch har ympulsive hâlden en dragen jout Norris neitiid ynstee fan 'e tekst dy't er oefene hie, in ûngewoan iepenhertige taspraak, dy't sa goed ûntfongen wurdt, dat in grut diel fan 'e kiezers der spyt fan kriget net op him stimd te hawwen. Sadwaande wurdt er fuortendaliks de favoryt foar de folgjende ferkiezings foar in senaatssit yn New York, ek al duorret it noch fjouwer jier ear't dy holden wurde.
Underwilens liket in kloft mysterieuze huoddedragende manlju him op 'e eftergrûn yngeand mar hieltyd ûngemurken mei it libben fan Norris te bemuoien. In fearnsjier letter kriget ien fan harren, dy't "Harry Mitchell" neamd wurdt, opdracht fan syn direkte oerhearrige "Richardson" om Norris op in moarn deunby syn appartemint op te wachtsjen yn it park dat er troch moat om 'e bus te heljen. Mitchell moat derfoar soargje dat Norris foàr 7.05 oere kofje oer himsels hinne griemt, sadat er wer nei hûs moat om him te ferskjinjen. De oerwurke Mitchell falt lykwols op in sitbank yn it park yn 'e sliep, en Norris rint him foarby sûnder dat Mitchell der erch yn hat. Fan gefolgen hellet Norris de bus dêr't er mei woe en moetet dêr deselde jonge frou út 'e heare-wc's wer, dy't ek in passazjier is. Se prate wer en fine inoar noch altyd like leuk. Sy blykt Elise te hjitten en foar't se útstapt op har plak fan bestimming, jout se Norris har tillefoannûmer, dat er opberget yn syn beurs.
Norris arrivearret tsien minuten earder op syn wurk as dêr't Richardson op rekkene hie, en sadwaande sjocht er hoe't syn kollega's ûnbeweechlike stil steane of sitte, suver as wiene se beferzen yn in tiidsmomint, wylst Richardson en syn ûnderhearrigen harren tinzen ûndersykje en sa nedich oanpasse. Norris wit net wat der geande is, mar hat wol foar it ferstân dat der wat net doocht. Hy besiket út te naaien, mar hy wurdt efterfolge en oermastere en komt letter wer by besleur yn in leech pakhûs. Nei in ûnderlinge diskusje fan Richardson-en-dy oer hoe no, berikke se lang om let it beslút om iepen kaart te spyljen foar Norris oer. Richardson fertelt him dat se fan it "Oanpassingsburo" binne, in organisaasje dy't derfoar soargje moat dat de libbens fan alle minsken op 'e wrâld har oan "it Plan" hâlde dat opsteld is troch "de Foarsitter". Neffens him makke de twadde moeting fan Norris en Elise hielendal gjin ûnderdiel út fan it Plan. Dêrom pakt er Norris syn beurs ôf en hellet it papierke mei Elise har tillefoannûmer derút om it te ferneatigjen. Ear't er Norris weromstjoerd nei syn wurk warskôget er him dat syn ûnthâld en persoanlikheid wiske wurde sille as er ek mar immen fertelt oer it bestean fan it Oanpassingsburo.
Letter nimt Mitchell, dy't it begruttet om Norris, kontakt mei him op. Hy praat it spul mei him troch en besiket him op freonskiplike wize safier te krijen dat er gjin domme dingen docht. Ek leit er Norris mear út oer it mysterieuze Oanpassingsburo. Norris freget him planút: "Binne jimme ingels?" En Mitchell antwurdet: "Sa binne wy wol neamd."
Norris is lulk en wrokkich oer de gong fan saken, en hy kin Elise net ferjitte. Trije jier lang nimt er moarns op eltse wurkdei persiis deselde bus nei syn wurk, yn 'e hope har wer te treffen. Dan, op in dei, sjocht er har op it trottoir rinnen as de bus har ynhellet. Hy lit de bus stilhâlde, stapt út en hastiget him efter har oan. Earst is Elise begryplikerwize wat ôfhâldich om't er har trije jier earder nea skille hat, mar hy fertelt har dat er har tillefoannûmer yn syn beurs dien hie en dat dy him dyselde moarns noch ûntstellen is, wat wier is. Har folsleine namme is Elise Sellas en hja is in dûnseresse by it Cedar Lake Contempory Ballet. Norris wit har mei te troaien om in kopke kofje te drinken, wêrby't er hieltyd erchtinkend om him hinne sjocht oft er Richardson-en-dy ek gewaarwurde kin. Dêr hat er gelyk oan, want in yrritearre Richardson hat al prikken yn it wurk steld om Norris en Elise wer faninoar te skieden. Troch syn manipulaasje wurdt harren moeting ûnderbrutsen troch Charlie Traynor, dy't Norris yn 't sin bringt dat er dy middeis ommers in parsekonferinsje jaan soe. Norris moat fuort, mar hy praat mei Elise ôf op it plak dêr't har balletselskip rippetearje sil.
Oan 'e ein fan 'e parsekonferinsje yn 'e iepen loft, wêrby't Norris syn kandidatuer foar in nije Senaatssit bekendmakke hat, wurdt er yn in finster yn in gebou dat útsjocht op it plak fan 'e parsekonferinsje in flits fan Richardson gewaar. Hy begrypt fuortendaliks wat dat betsjut. Hy hastiget him nei it plak fan 'e rippetysje, mar dêr is gjin kop te bekennen om't Richardson dy mei syn manipulaasje fan plak feroare hat. Njonken harren fermogen ta it meitsjen fan lytse 'oanpassings' (lykas it feroarjen fan it rippetysjeplak) kinne aginten fan it Oanpassingsburo harrensels teleportearje troch doarren te brûken dy't dan ynienen nei in hiel oar plak liede. Troch klearebare koppigens hâldt Norris lykwols oan mei syn besykjen om Elise te finen oant Richardson de limyt berikt fan it tal oanpassings dat er dwaan mei. Nei in lulke konfrontaasje mei Richardson fynt Norris sadwaande Elise werom en sjocht er foar it earst hoe't se dûnset.
Richardson giet ûnderwilens mei de saak nei syn direkte oerhearrige, "Donaldson". Dy fertelt him dat it gjin tafal is dat Norris en Elise inoar hieltyd wer moetsje, mar de útwurking fan tsientallen eardere ferzjes fan it Plan. Yn 'e 1970-er, 1980-er en 1990-er jierren wiene Norris en Elise hieltyd foarbestimd om harren libben te dielen, mar yn in nije ferzje fan it Plan feroare dat. De âlde ferzjes wurkje lykwols noch hieltyd troch yn it hjoed en dêrtroch wurde Norris en Elise hieltyd wer nei inoar ta treaun. De oantrekkingskrêft dy't se fiele is it restant fan 'e âlde lotsbestimming. Donaldson beslút him net oan 'e saak te brânen, mar spilet it troch oan syn superieur, "Thompson", dy't de bynamme 'de Hammer' hie doe't er noch it wurk fan Mitchell en Richardson die.
Norris sliept mei Elise en sprekt mei har ôf by har balletútfiering, mar Thompson ûntfiert him nei it pakhûs dêr't er earder troch Richardson hinne brocht waard. Dêr lit er him finzen hâlde oant de balletútfiering hast foarby is. Uteinlik hat er in petear mei Norris, wêrby't de ferûntweardige Norris úthâldt dat hy it rjocht hat om syn eigen libbenspaad te kiezen. Thompson seit lykwols dat minsken net mear as de skyn fan frije wil hawwe, mei't eardere kearen dat it Oanpassingsburo ophold mei syn manipulaasje ta it tsjustere tiidrek fan 'e Midsiuwen en letter ta de Earste en Twadde Wrâldoarloch en de Holokaust laten. Neffens Thompson sil in lokkich libben mei Elise Norris ôfhâlde fan syn lotsbestimming om presidint fan 'e Feriene Steaten te wurden. Dat kin Norris net folle skele, dat as Thompson him gean lit, hastiget er him nei de útfiering om Elise dûnsjen te sjen. Thompson komt dêr wer by him en flústeret him yn it ear dat in lokkich libben mei Norris Elise ôfhâlde sil fan har lotsbestimming om in wrâldferneamd ballerina en goreografe te wurden. Om te bewizen dat it him mienen is, soarget Thompson derfoar dat Elise ferkeard op har ankel delkomt. It liket in karriêrebeëinigjende blessuere te wêzen, en Norris bringt har mei tûzen hasten nei it sikehûs, dêr't lykwols ta fernuvering fan eltsenien bliken docht dat se har ankel allinne mar ferstûke hat. Neitiid lit Norris Elise yn it sikehûs yn 'e steek om foar te kommen dat er har takomst ferrinnewearje sil.
Alve moannen letter wurdt Norris troch Charlie Traynor opmerksum makke op in oankundiging yn 'e krante fan it oankommende houlik fan Elise mei har kollega-balletdûnser Adrian Toussaint. Mei dyselde hie se ek al in kear ferloofd west yn it trijejierrich tuskenskoft nei har earste beide moetings mei Norris. Nei't er it in koart skoftke yn him omgean litten hat, beslút Norris dat er it nochris mei Elise besykje wol. Om't er foar it ferstân hat dat Thompson him nea yn har buert komme litte sil oant de houliksseremoanje beklonken is, freget er de help fan Mitchell. Dyselde fielt him skuldich oer alle negative dingen dy't er holpen hat om yn Norris syn libben te feroarsaakjen om yn Norris de ambysje wekker te meitsjen om presidint te wurden, sa't it Plan hawwe wol. Dêrom jout er Norris syn hoed, dêr't er ferlet fan hat om himsels fia doarren te teleportearjen sa't de aginten fan it Oanpassingsburo dogge. Ek leart er him hoe't dat wurket, nammentlik troch rûne doarkrukken altyd mei de klok mei te draaien. Hy warskôget Norris dat tsjin 'e klok yndraaien inkeld foar wurknimmers fan it Oanpassingsburo is.