De rûchhierrige mûsgoffers (wittenskiplike namme: Chaetodipus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha), de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en de ûnderfamylje fan 'e skeintoskmûsgoffers (Perognathinae). Yn guon taksonomyske yndielings wurde de rûchhierrige mûsgoffers yn it susterskaai fan 'e glêdhierrige mûsgoffers (Perognathus) pleatst.
Beskriuwing Ta dit skaai hearre santjin soarten dy't foarkomme yn it westen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en yn it noardwesten fan Meksiko. Karakteristike skaaimerken binne in rûge pels en in lange sturt. Se libje oer it algemien yn drûge biotopen, lykas steppe en woastyn. Se brûke har klauwen om hoalen te graven en siedsjes op te dobjen. Dy siedsjes bewarje se yn 'e eksterne wangpûden oan 'e bûtenkant fan 'e kop oant se weromgeane nei har hoale.
Soarten
skaai rûchhierrige mûsgoffers (Chaetodipus) baileymûsgoffer of Bailey's mûsgoffer (Chaetodipus baileyi) boarstelhierrige mûsgoffer (Chaetodipus hispidus) Chihuahuamûsgoffer (Chaetodipus eremicus) dalquestmûsgoffer of Dalquests mûsgoffer (Chaetodipus dalquesti) goldmanmûsgoffer of Goldmans mûsgoffer (Chaetodipus goldmani) Kalifornyske mûsgoffer (Chaetodipus californicus) langsturtmûsgoffer (Chaetodipus formosus) lytse woastynmûsgoffer (Chaetodipus arenarius) Nederkalifornyske mûsgoffer (Chaetodipus rudinoris) nelsonmûsgoffer of Nelsons mûsgoffer (Chaetodipus nelsoni) rotsmûsgoffer (Chaetodipus intermedius) San Diegomûsgoffer (Chaetodipus fallax) Sinaloamûsgoffer (Chaetodipus pernix) smelkopmûsgoffer (Chaetodipus artus) stikelhierrige mûsgoffer (Chaetodipus spinatus) streekte mûsgoffer (Chaetodipus lineatus) woastynmûsgoffer (Chaetodipus penicillatus)
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Mûsgoffer